vrijdag 18 mei 2018

Tongersdei 17 maaie



Sûnder ûngemakken binne wy tongerstejûn allegearre wêr op ús eigen plak thús kaam. Nei in goede flecht fan Cluj nei Eindhoven wêr't we wat letter oankamen dan pland wie om't we ek wat letter fuort gien winen, stie de bus dit kear al op it parkearterrein op ús te wachtsjen.
De lêste busreis fan Târgu Mares nei Cluj ferrûn ek goed, mar wy koene net de stêd Turda yn en nei de  tsjerke, wêr't it ferdrach sluten wie dat alle godstsjinsten gelyk wiene, want de wegen wine opbrutsen en de de rute nei it sintrum  stie fol mei ferkear. Dêrom riden we mar yn ienkear troch nei Cluj en namen dêr nei it útstappen ôfskied fan Mikkie ús Roemeenske sjauffeur dy't ús feilich en rêstich troch alle stêden en oare wegen ferfierd hat. Hy wie juster  ek noch jierdei en koe no wêr nei syn eigen famylje ta, mei in lytse skea oan de bus fanwegen it fêst komme te sitten mei de efterkant yn it asfalt.
Op it fleanfjild is it altiten in hiel gedoch, yntsjekken en paspoart sjen litte, dan noch ris alle saken mei metaal út of ôf, riemen, galgen, horloazjes, skuon mei steunsoallen en neam mar op, mar dat ha wy ek wer goed trochstien.
Underweis yn de bus nei Holwert waard troch  Klaas in moaie taspraak holden dy't foar it wurk en organisaasje fan Rob en Giel in plompke joech, hy ferwurde ús alle belibben dat wy in prachtige reis hân ha. Ek Diet joech op har wize mei in pear wurden oan wat hja fan de reis ûnderfûn hat. Ta slot joech Binne nammens ús allegearre de beide mannen in slúf mei ynhâld foar in itentsje of sa Rob sei foar in nije koffer, want syn wieltsje wie der ôfknapt. Sa stapten de earsten út de bus yn Grou en oaren yn Stiens en de lêsten yn Holwert, nei in tige slagge reis nei Roemenië. We ha in soar heart fan ús reislieders en noch mear sjoen fan in lân dat in hiel westerske útstrieling hat yn de stêden, mar op it plattelân noch efterbliuwt yn ûntwikkeling.

woensdag 16 mei 2018

woansdei 16 maaie

Hjoed is it de lêste dei dat wy wat besjogge yn Roemenië yn de stêd Tâgu Mures. Dizze nachtis der in soad rein fallen, it is droech at wy nei de Synagoge ta gean. De mannen moatte in keppeltsje opdwaan, mar de pet dy't Binne ophat is ek goed genôch. In lid fan de gemeente joech ús wat útlis oer it gebou en de Joadske gemeente dy't oan it útstjerren is. Hysels wie eins in heale joad, mar koe wol Hebriuwsk lêze en it oersette yn it Hongaars en Roemeensk. Op joadske feestdagen komme der ek in soad oare minsken yn de synagoge, dy't as treinen dat bywenje wolle. De joaden fan Târgu Mures moatte wol 15 joadske begraafplakken ûnderhâlde en it is de fraach hoe lang hja dat noch dwaande kinne, sjoen de leeftiid fan de measten fan de gemeente.
Dernei bin wy de stêd fierder yngien, op it sintrale plein mei de ortodokse tsjerke en it stânbyld fan in wichtige Roemeen. Yn de ortodokse tsjerke hat in âfbylding dy't oanjûn dat de Roemenen ûnderdrukt waarden troch de Hongaren. Sa hat eltse befolkingsgroep syn eigen ferhaal fan de skiednis. Om yn de Burchttsjerke te kommen moasten wy in treppen opklauterje, dy't net fan de tsjerke sels wie, want dy hiene de kommunisten ferdwine litten. De dûmny fan de Herfoarme Burchttsjerke koe ús yn it Nederlansk it ien en oer fertelle, hy hie yn Nederlân studearre. De tsjerke sil restaurearre wurde en men wie al drok oan it bikken op de kalklaach om te sjen at er ek noch fresko's te finen wine. Wy dronken kofje op in terraske en ha wer lekker iten yn kafee Cesar en wachten dêr de tongerbui ôf.
Middeisiten ha wy nei it kultuur palast en it Profinsje hûs west, wat beide yn de Jugendstil bout is en der geweldich moai útsjocht. It is net te beskriuwen wat wy dêr oan útwrytske dingen en ôfbyldings sjoen ha. De yngong en de treppen wine tige fraai en pompeus makke. Ek de glês yn lead ruten en de plafonds wine tige drok mei in soad ornamenten makke. De muzykseal ha we besjoen en de skilderijen tentoanstelling en binne dernei de stêd yngien om troch it âlde stedsdiel te rinnen. Op in binnenplak ha wy mei inoar noflik sitte te bekommen fan alle yndrukken foar't wy nei it hotel werom rûnen.
.





dinsdag 15 mei 2018

tiisdei 15 maaie

Wy binne hjoed oankommen yn Târgu Mures, de stêd wêr't Rob en Giel har appartemint ha. It is in grutte stêd mei 130.000 ynwenners en mei smelle strjitsjes, want de bus koe net yn de strjitte fan it hotel komme. Sa as op in soad plakken yn dizze mannen wurde je ûnophâldlik troch strjitferkeapers lêstich fallen om in boekje blommen te keapje. Mar earst ha wy fannemoarn ôfskied nimme moatte fan de freonlike minsken yn Nagyajta, dy't ús wer ûntfongen hawwe en geweldich fersoarge. Wy gongen yn in kring om har hinne stean en koene sa fan eltsenien ôfskied nimme, nei't der in groepsfoto makke wie.
Sa riden we om healwei njoggenen mei de bus nei ús folgjende plak om te besjen de grutte rûmte fan de saltâfgraving op 100 meter ûnder de grûn yn Praid. Underweis ha we der noch efkes út west om de kreamkes yn Corund del te rinnen mei it ferneamde baksel oan potten en pannen.
Yn Praid gean je earst mei in dûbele lange bus de sâltgrot yn en dan moasten wy noch 275 treden nei ûnderen om yn it ûnbidich grutte boartershol te kommen, want it is feitlik ynrjochte as in boartershol foar bern, mar ek grutte minsken kinne har dêr fermelden mei pingpongen of oare balspultsjes. Oan it ein fan de grot wie ek in soarte fan kapel ynrjochte en in muorre mei ynformaasje as museum. It gebied wie tige yndrukken en werom de treppen opklauterje en wachtsje op de bus.
Net fier dēr wei yn Sovota ha we iten om trije oere en dêr kamen Richt en Johannes efkes by ús, hja ha dêr in ûnderkommen. Nei in kuierke om it mar mei sâlt wetter en in plak foar modder baden, binne troch in moaie streek nei Târgu Mures riden en moasten wy in stikje mei de koffer rinne om by it hotel te kommen.



maandag 14 mei 2018

moandei 14 maaie

It hat fannacht flink reint en it is noch net droech as wy ite, mar de loft wurdt al ljochter. Sa no en dan drige it wol, mar we ha it de hiele dei droech holden en sa no en dan ek de sinne noch wol sjoen. Andrea de Roemeenske, dy't mei ús de reis meimakket, hat yn har eigen doarp in rute om te besjen foar ús betocht. We gean earst nei it gebou oan de râne fan it doarp, wêr't yn in âld ferfallen histoarysk gebou it soarchsintrum komme moat. De boargemaster leit út hoefier it hjir mei stoet, hooplik kin men it oare jier mei de renovaasje fan it gebou begjinnen as it goedkarring kriget fan de oerheid.
It gebou hat brûkt west as kazerne, skoalle, wenhûs en opslach plak. Dernei ha wy de foarútgong besjoen fan de renovaasje fan it gemeentehûs. Dat foarderet reedlik en moat it oare jier juny klear wêze. Troch de stofgordinen koene we yn it gebou sjen hoe fier it dêrmei wie, foaral de plafonbeskilderingen wie bysonder moai. Dernei gongen wy nei de basisskoalle en mochten yn de lokalen by de bern sjen. Foaral de beukers wie moai, want hja diene in dûnske foar ús, wêr't hja in pryske mei wûn hiene. Fierder liede Andrea ús nei de deakistenfabryk wêr't op in profesjoniele wize, de kisten klearmakke waarden, om ek nei it bûtenlân ferkocht te wurden. Dan gongen we noch nei in buorkerij, dy't mei subsydzje fan de EU opset wurde koe en der goed útseach.
Nei it grutte middeisiten riden we mei de bus nei Brand, foarby Brasov wêr't it kastiel fan Drakula stoet. It is in betocht ferhaal fan in Skotse skriuwer, dy't Sels neat yn it kastiel west hat. Der binne yn it ferhaal wol eleminten fan figueren út de Roemeenske skiednis ferwurke en men hat er echt in toeristyske atraksje fan makke. Der wiene allerhanne ferkeapkreampkes wêr't men prullaria keapje koe.  Op de weromreis nei Nagyajta riden we by Brasov by de hotels fan de wintersport gebied del, dat er no mar stil by stie, men wil dus noch wat attraksje foar de simmer betinke moatte. Yn Nagjata wie men drok dwaande mei it klear meitsje fan it iten, yn in grutte pân goulash bûten op it fjoer. It sil ús wol wer goed smeitsje.


zondag 13 mei 2018

snein 13 maaie

De tsjerketsjinst begjint om 11.00 oere en we hawwe foar de tsjinst gelegenheid om de romte om de tsjerke te besjen. It moarnsiten wie om njoggen oere en. De measten binne al earder bûten om fan de sinne te genietsjen, wylst de temperatuer noch net echt heech is, want dy wie fannacht aardich tsjin de nul graden. Rob fertelt by de tsjerke oer de tinktekens dy't dêr stean as oantinken oan guon barrens en foar minsken dy't fyftich hier wurden binne, dus Abraham sjoen ha. Fierder stean der op de grutte begraafplak ek bysûndere tinktekens. We hawwe bûten de stiennen muorre in moai útsicht oer de omjouwing. De muorre om de tsjerke tsjinne as beskerming foar fijannich oanfallen, en is aardich yn fertaling, krekt as de tsjerke mar dêr ha hja no in tasizzing fan subsydzje foar restauraasje fan it gebied.
De tsjinst waard holden yn it Hongaarsk, dat in soarte ha wy der net fan begrepen, wol dat it giet oer de memmen dy't mei har bern by Jezus komme en om in hânoplizzing freegje foar har, om't Rob dat stik foar ús lêzen hat út de Nederlânske Bibel. It is hjoed ek memmedei en de bern sizze oan it ein fan de tsjinst ferskes op, nei't wy in pear Fryske lieten songen hawwe.
Nei it middeisiten sille om trije oere mei hynder en wein in rit troch de omjouwing meitsje. Der komme trije weinen, twa mei ien hynder en de oare mei twa hynder derfoar. As elkenien in plakje fûn hat en wat steun fûn hat oan in oar, ride we de fjilden yn. Foar it wie hynder wie it soms in toer om foarút te kommen en moasten de hynders efkes wachtsje. Underweis kamen wy by in greide mei buffels del. It paad wie net oeral flak en we hobbeljen troch inoar hast. Op de wei nei ûnderen moasten wy troch in beek, wêr't de hynder earst efkes drinke woene. Fierderop wie in fiver om yn te fokken tsjin betelling, dêr stiene ek grutte fakânsje huzen by. It lêste stik gong oer de ferhurde dyk en doe draafden de hynder omraak. It wie in tige nijsgjirrich barren en sa kamen wy wer by ús ferbliuw yn Nagyajta. Aanst sille we ite fan de BBQ, de mannen hawwe it fjoer al brânen.



zaterdag 12 mei 2018

sneon 12 maaie

It Turist hotel yn Lacu Rosu hat ek in swimbad en dat ha ik juster efkes probearre foardat ite moasten. Krekt om healve achten koene we oan tafel foar in ienfâldich miel, fleis mei patat sûnder majonaize. Dernei krigen we noch cake mei jam en ha we nei it iten noch in kuierke makke nei it Reade Mar. Mei-inoar haw noch in lytse neisit hân yn de lounge fan it hotel.
Fan 'e moarn riden we troch in prachtich heech boskgebiet dat winters ek oantreklik is foar toeristen. Yn Oderheiu Scuesc ha we de bakkerswinkel besocht wêr't út Kollum wei bakkersmateriaal nei ta stjoerd wie en no de Frieske Pan neamd wurdt. Dick, Jelke en Willemke traktearren ús op kofje mei gebak, om't hja yn dizze fakânsje har jierdei ha. It is in folslein Hongaarske stêd, mar men is ek ferplichte om neist it Hongaarsk ek Roemeensk te brûken en op de buorden te fermelden.
Foar it middeisiten binne we nei Vlahita riden, in fakânsje plak ûnder oare mei wetterswellen, as je dat wetter priuwe is it net lekker mar izerhâldend. It iten yn it restaurant Lobogo wie wêr geweldich goed. We koene der noch in lytse kuier meitsje en gongen om trije oere wêr yn de bus opwei nei Nagyajta, wêr't de minsken al op ús te wachtsjen stiene mei in pleatslik drankje en in hertlik wolkom. Dernei waarden de sliepplakken oanjûn en gong elk nei syn gastadres of sliepplak.
n in hertlik wolkom. Dernei waarden de sliepplakken oanjoen en gong elk nei syn gastadres of sliepplak.



vrijdag 11 mei 2018

freed 11 maaie

Fan 'e moarn binne om healve tsien mei fuort riden mei goed waar, we riden mei de bus nei  Targu Neamt dat betsjut: Dútske merk. De rit dêrhinne wie moai, wat nei alle siden hiene we útsjoch op de bergen. Hjir is in hiel âlde burcht út 1300 dy nei ynname troch de Turken yn 1500 syn funksje ferlear en yn de rin fan de tiid in ruïne waard. Nei 2000 doe't it lân gjin kommunistysk lân mear wie hat men him diels restaurearre en in museum fan makke. Om dêr te kommen moest je in flinke klim omheech meitsje, wat net foar eltsenien wei lein wie. Fan út de burcht hie je in prachtich útsjoch oer it gebied, mei yn de fierte de Karpaten. De burcht wie tige nijsgjirrich om te besjen, allinne de buorden mei teksten wiene yn it Roemeensk en der wie gjin Ingelske of oare fertaling by om wat lêze te kinnen.
Derwei riden we nei ús middeismiel adres, dat oan it begjint fan it tige mânske stuwmar dêr't we yn de middei del riden binne. It iten wie geweldich in panne sop, mar it hiet hjir oars, mei bôle en wetter. It haadgerjocht wiene bakte heale ierappels mei twa grutte stikken fleis en in skaaltsje mei griente, tomaat en sla en komkommer. Sa as gewoanlik haw ik de tomaat oan in oar jûn. De wei by it stuwmar del wie net al te bêst en aardich heech soms tusken de beammen en wol 40 km lang. It stuwmar wie noch in projekt fan Scaucesku. We kamen doe wer yn it gebied fan Transsylvanië en ferlieten Moldavië. Yn dit gebiet wennen noch in soad Hongaren dy't fansels ek noch dy taal sprekke. Hjir begûn it lânskip te feroarjen, want it waard rotsiger en we soene troch de kleau mei de bus en werom rinne. By it swaaien fan de bus kaam hy mei it efterein fêst te sitten yn it asfalt, mar gelokkich slagge it Mikkie de sjauffeur om him wer frij te krijen, nei't wy útstapt wiene.
De kloof is in aardige belibben foar toeristen en mei in soad kreamkes lâns de dyk. De bus helle ús wer op om fierderop by it reade mar te sjen en it ferhaal deroer te hearren. In stikje werom mei de bus nei it Turist hotel, wêr't we ien nacht bliuwe.