vrijdag 9 juni 2017

moandei 29 maaie

Mei twa taxi buskes binne we nei it fleanfjid fan Timisoara ta brocht. We moasten fansels wol twa oeren wachtsje, mar doet alles der yn siet, starte de piloot de motor en gongen we op tyd de loft yn. Sa kamen we ek op tyd yn Eindhoven oan, mar de sjaufeur miende dat we in oere letter oankomme soene en dus moasten we dêr efkes wachtsje ek fan wege syn rydoeren. Yn Apeldoorn is Marjanne der útstapt en haw wy kofje dronken yn it Posteljon. Sa kamen we ek troch wat opstoppings om acht oere yn Holwerd oan en binne wy mei in foldien gefoel nei hûs ta gien.

Wha't noch wat lêze wol fan myn fytstrektocht nei Dresden kin dat lêze op www.pindat.nl ellertfietst
.

zondag 28 mei 2017

snein 28 maaie

 
We binne fannemoarn om healve tsienen rjochting de Herfoarme tsjerke fan Lasko Tökes gien om dêr de tsjinst y te wenjen, it sil ek wer in dooptsjinst wêze lykas ferline wike yn Nagyajta.
Underweis hâldt Rob noch wat útliz by it ien en oar sa ek op it pleintsje neist de tsjerke wer't wy nei de tsjinst ek noch in ferhaal krije út it boek de Transylvanische Bruiloft fan Stefan Lang útjoen by de Geus. In tige oangrypend libbensferhaal mei de gebeurtenissen ek yn Timisaora. Om de tsjinst by te wenjen moatte twa treppen op om't de tsjerkeseal op in hegere ferdjipping leit. Fan de tsjinst kinne we allinne folgje wat er sa no en dan  yn it Ingels seit, en fan de lieten wer't we de meldei fan kenne in bytsje meisjonge as er in lieteboek yn de buurt is. Sa besykje ik fan de froutsjes foar my in graantsje mei te pikken. De preek duorret net lang mar de lêzingen by de doop beslaggen gau in heal oere. De alwat gruttere baby schrok tige fan it wetter dat oer har útgetten waard dat it zette it op in heftich gûlen. Nei de tsjinst hat de dûmny ek noch it ien en oar oer de tsjerke en de skiednis ferteld.
Yn de ûnderste ruimte ûnder de tsjerke krigen we in lunsj en dy wie wer ryklik foarskoatelle fan gerechten en in grutte feelhied oan iten. De dûmny sil ús nei it iten troch de stêd liede, mar moat him earst ferklaaie, sa komt er werom yn koarte broek en in skippers pet op.
We ha mei  him noch oardel oere troch de stêd rûn, in âfstân fan ûngefear 1,5 km en waarden troch him noch op in oantal bysûnderheden wezen. Dernei wie it tyd om in terraske te pikken of wat út te rêsten yn it hotel en grif noch in ysko te nimmen. It junsmiel gebrûke we tichteby yn in restaurant.

zaterdag 27 mei 2017

woansdei 24 maaie


Dizze moarn ha we ûnder lieding fan Rob en Chiel in rûnlieding hân troch de stêd Sibiu en bin we middeis nei it museum west oer de skiednis fan dizze streek. We rûnen fan it hotel nei it pleintsje fan de gilden by de klokkepoarte. Hjir moasten we de treppen beklimme om yn de boppestêd te kommen. Hjir wurde noch in part hûzen restaurearre, Mar joech ûs al in moai sicht op de grutte tsjerke en casa Luxemburg. We rûnen oer de leagenbrêge nei it oare piata by de lutherske katedraal.
De Dútske namme fan de stêd is Hermannstadt en it historysk sintrum hat in tige moaie gevelwand. Fan dêr binne we nei de noch oanwêziche stêdsmuorre rûn mei de beide tuorren wer't yn troch de pottebakkers ûnderholden wurde moast en de oare troch de timmerlju. Sa gongen langs de musyk timpel dy't ûnderbrocht wie yn in hiele grouwe bastiontoer. We hiene noch in blik yn de Fransiskaner katolyke tsjerke om dêr tichteby yn de Pizzabar de lunsj te hawwen. De serveerster brocht ús grutte platte skalen mei pizza en foar dat it op wie brocht se al wer in nije. As toetje krigen we in lekker bakje mei fruit en iis en slachrjemme.
Nei it iten binne nei it museum gien om wat te sjen en te hearren oer de skiednis fan dizze streek en de ynfloed fan de Reformaasje op it deistich bestean. It reinde al in bytsje doet we út it museum mei boekhannel kamen en koene doe mei de bus wer nei it hotel. It jûnsiten hiene we ek yn de stêd en waarden mei de bus hinne brocht. Hjir sieten ek in groep út Dútsklân hja hiene as frouljusferiening de mannen mei naam foar har reiske.

sneon 27 maaie

 Om healve tsienen bin we fannemoarn de stêd yngien nei it  museum fan de desimber revolusje fan 1989, dy't yn Timisaora begûn is. Underweis rûnen we fan it Viktoria pizza nei it plein fan de Frijheid wer't ûnderweis tige moaie gebouwen te sjen wiene út begin 1900 fan de Jugendstil en fan de Serfyske tyd en de Hongaarse periode. Guon gebouwen stean noch ynpakt of wie men kan it restaurearjen. It is in prachtige stêd dy't yn 2021 opteart foar kulturele haadstêd fan Europa en dat is har fan herten gund. Der is no ek in muzykaal barren yn de stêd, mei allegearre optredens op ferskate plakken 
It trêde piata is dat fan de openheid, mei de katolyke tsjerke en de Serfyske katedraal, allegearre ymponearjende gebouwen. By it museum fan de revolusje krigen we earst nog wat útliz en seagen dernei de dokumentaire film dy't fan dy dagen gearstald is. Dat wie hiel yngripend en ek wol emosjioniel. We krigen de tyd om de gearstalling fan de dagen sa as kranten en in hiel soad foto's te besjen.
Mei alle indrukken noch by ús rûnen we nei ús lunsjadres en dan moat je ek wolris de dyk oersterke, mar dat kin hjir as rinner sûnder gevaar barre, want de autos stopje grif foar wandelaars ek at je net by in zebra oerstekke, der kinne de sjauffeurs yn Nederlân noch wat fan leare.
Middeis wiene we frij om de stêd yn te gean en alles nochris op ús gemak te besjen, sa as de ortodokse katedraal en de parken by de rivier de Bega. Sa rûnen we wer nei it sintrum om op in terraske te genietsje fan in drankje en de dunne.

vrijdag 26 mei 2017

Freed 26 maaie

De blog fan woansdei haw ik abusievelijk ferwidere mar sil it as der tyd foar is, opnij skriuwe. Underweis fan Sibiu nei Timisaora ha we de burcht yn Deva besocht. We moasten mei in liftskaft de berch op om nei it moai restaurearre omsluting fan it kastiel te kommen, dat sels noch in ruïne wie, mar de stienen bewâling seach der goed út en joech in geweldich moai útsicht op de stêd Deva, wer't we nei besyk oan de burcht ek de lunsj hienen, dit kear wie it lasagne mei tomaat. De griente is meastal in bakje mei tomaat en dat liet ik moai stean foar in oar. It útsicht boppe wie net helder fanwege bewolking en ûnderweis ha we ek noch in lyts buike hân, Mar letter op de dei waard it yderkear sinniger en waarmer. Fan Deva soenen wy de nije autowei del, Mar dy wie noch net klear en foar de âlde wei joech de navigaasje oan dat dêr in soad opûnthâld wêze doe, dat de sjauffeur naam in oare rûte dy't de planner oanjoech. Dat hâlde yn dat de earste 30 km goed wiene, mar dernei krigen we 20 km oer in hobbel dyk mei gatten en bobbels wertroch tink gjin ien yn sliep fallen is.
De folgjende bestimming wie in wynpriuwerij, in wyngerd bedruw fan 10 ha wyngerds. It is in prachtich  gesicht oer de fjilden mei wynstokken fan boppe ôf. Dernei kaam de útliz oer de opset fan dit Ingels Roemeensk bedriuw. We hawwe ús de wyn goed smeitsje litten en guon ha ek mar wat kocht foar ûnderweis of foar  thús. It hotel leit midden yn it sintrum fan Timisaora en sjocht der goed lúks mei swimbad út en noch mar ôfwachtsje of we hjir goed sliepe en ite kinne.

donderdag 25 mei 2017

Tongersdei 25 maaie

De tsjerke fan Sibiel sjocht derút as in katolyke tsjerke Mar is boud yn de tyd dat de ortodoksen net iepenlijk in tsjerke bouwen mochten en binnenyn it wol degelik in ortodoksen tsjerke is. We binne fannemoarn om healwei tsienen dêr yn de bus hinne gien. Rjochts fan de tsjerke is in museum mei ikoanen op glês, makke troch minsken yn naïeve foarm. It wie bysûnder om dat te besjen en om in part fan de tsjinst yn de tsjerke mei te meitsjen op Himelfeartsdei. Letter kamen der meer froulju nei de tsjerke mei de bern yn traditionyle klean oanklaaid wat in aardich gesicht wie.
Oer de âlde dyk riden we nei it doarpke wer't de basis wie fan de Huttersen Doopsgezinden. Yn Amerika binne noch in soad mienskippen dy't dêr út ûntstien binne, de broederskippen dy't alles mienskippelik hawwe, mar fierder wol modern binne.
Doe gingen we op wei nei Alba Lulia wer't we ite yn in bastion fan de Citadel. It spielde fan de rein doet we dêr hinne rinne moasten, want de bus koe der net tichterby komme.
We hawwe dêr lekker midieuws iten hàn en nei de wc, want de rein wurke wol op de blaas.
Om yn de Citadel te kommen wie in besykje fanwege it fûle reinen. Dweiltrochwiet komme we yn it museum, wer't op 1 desimber 1918 de berte fan Roemenië bart troch ûndertekening troch de kening. We makken noch in folgjende spurt nei tsjerke wer't de kroaning fan de kening plak fûn hat. Doe gau nei de bus om wat te droechjen en byte warmen en te sliepen. Letter sille we mei de bus nei ús dinner kafee.

dinsdag 23 mei 2017

tiisdei 23 maaie

We ha fannemoarn indrukwekkend ôfskied naam fan ús gastjouwers yn Nagyajta. Ek justerjûn wie it bysûnder want nei wat oer en wer jaan fan kadootsjes, begûnen we pas nei njoggen oan it iten. We koene earst by it salade buffet del en dernei kaam de goulashpanne mei makarony. It wie eins allegearre te folle fan it goede, mar wol hearlik,  der't we middeis ek al goulashsop hân hiene. Fan drankjes wie der gjin ferlet en as toetje kaam de skaal mei gebak op tafel, dit alles mei sjongen en dûnsjen.
Doe gong de reis oan nei Sibiu en ûnderweis  in besite oan de berenopfang te Zarnisti. Je soenen ferwachtsje dat dêr in goede wei hinne giet, mar sa as safolle sydwegen wie dit ek in ûnferhurde dyk mei grutte gatten en somtiden langs in steile ôfgrûn dat guon har besouden.  Boppe op de berch masten we in heal oere wachtsjen. De gids dy't gebrekkich Ingels spriek bearde dat fiif minuten. Mar sa giet dat yn dit lân, alles duorret wat langer ek de bouw fan it medysk sintrum yn Nagyajta dat wer útsteld is.
Tsjin healve ienen ryden we wer oer it inge paad nei ûnderen om nei Brad by Max te iten. Dat wie in grutte panne mei sop mei in soad fleis eryn. Dernei rys mei fleis en in bakje raue sûrkoal en as toetje gebak. Mei in fol liif wer yn de bus op wei nei Sibiu, derby hienen we in prachtich útsjoch op de  bergen mei snie fan de Karpaten.
Underweis flak foar de stêd hienen we hast in oanriding, in frachtauto keerde midden op de dyk en bleau stil staan sadat ús sjauffeur mar amper him ûntwike koe troch te remjen. Dat wie wol efkes skrikke​ foar ús allen.

maandag 22 mei 2017

Moandei 22 maaie


It wie hjoed werd in moaie dei, nachts hie it wol wat reint, mar de wolken brieken iepen. Om goed njoggen oere gingen we mei de bus nei in doarpke mei in hiel moai âld interieur, dat echt de moeite wurch wie om te besjen. It wie in Unitaristyske tsjerke mei prachtige plafond skilderingen. De hinnereis nei Ocland gong troch in tige bosachtich en ûnbewenne gebied mei hiel snelle en slingerende dyken. Mar it slimste kaam doet we derwei nei ús bestemming Schässburg soenen. Op de grins mei de oare profinsje holde de asfaltdyk op en waard it in sintelwei mei grutte koelen, dat we hobbelden fan de iene nei de oare side fan de wei en yn de bus. Dit holde net op en ús sjauffeur keerde om midden op de dyk en, om in oare route te nimmen. Dertroch kamen we haast in oere letter yn de stêd om te lunsjen, wer't Rigt en Johannes al op ús wachten. We krigen dêr in útgebreid miel foarskoatelle, dat guon mar mei moeite opkrigen.
Nei it iten krigen we frijheid om de stêd te besjen, elk op syn eigen ynsjoch. In groepke hat de trep mei 170 treden beklommen om de hiel âlde burchttsjerke te besjen en fan it útsicht te genietsjen, wat net meifoel fanwege de beammen. Dan nei ûnderen ta oer de glêde stjinnen en gau in terraske opsocht om by te kommen. By de parkpleats namen de measten gau efkes in lekkere softijs. Dan wer werom mei de bus nei Nagyaita om goulash te iten. Underwijs ha we hiel moaie fûgeltsjes yn de berm fan de wei sjoen. Fierder is it in hiel grien lân mei greiden of bosken. De koarte broek koe hjoed wol oan en de reinjas wie oerstallich, meinoar in skitterende dei.

zondag 21 mei 2017

Snein 21 maaie

Hjoed in bysûndere dei, we hawwe in jierdei fan Klaske en de tsjerketsjinst stiet yn it teken fan memmedei. Fannemoarn waarden we toch earst de klokken fan de Orthodoxe tsjerke oproppen om't de tsjerke opnij iepene waard nei in opknapbeurt. Dernij klonken de klokken fan de Herfoarme tsjerke en pas dernij fan de Unitaristyske tsjerke wer't wy hinne sille. It is drok op strjitte mei auto's en der steane polysjes om it ferkear te regeljen.
Foar de tsjinst sil Rob ús wat fertelle fan de skiednis fan it hôf en de tekens dy 't der steane. It is in moaie dei hjoed en we genietsje fan de omjouwing.
De froulju moatte in aparte yngong yn dan de manlju en we sitte ek apart. We wachtsje oant de dûmny mei de tsjerkerie der is om goed âlve oere, dan gean wy deryn. We wurde wolkom hjitten en Jelke bied kjersen oan nammens ús. De preek giet oer Matteüs 5,12 oer it ljocht op de berch. Dan sjonge wy twa lieten en dernei de bern. Om bar sizze hja wat út de holle en sjonge hja in liet. Der op dogge hja in samenspraak oer Salomo dy't in wiis oardiel jout oer de froulju mei ien berntsje. De bern bringe dan de bloemen dy't hja meinaam ha nei de memmen en beppes. Nei oardel oere is de tsjinst dien en geane wy om kofje.

Fannemiddei ha we nei in lekkere lunsj mei sop en oaljebollen in rûnkuiering toch it doarp makke. Earst langs de protestanske tsjerke en dan nei it gemeentehûs mei de boargemaster dy de kaai meikrigen hoe mar net de goede foar wist. It gemeentehûs iOS tagelyk it doarpshûs mei in prachtige mienskipsseal dy't opknapt wurde sil yn de âlde styl.
We besjoche ek de opskildere Orthodoxe tsjerke, dy't werkelijk tube moai is, Mar meastentyds net folle minsken yn kommen. 
Dan is it tyd om mei de bus nei in kastiel te gean ûngefear 10 km nei it noarden. It hek is earst noch sluten, marddan kinne wy der dochs yn en krije in rûnlieding Tricht prachtig restaurearre slotje. Dan gean we werom nei ús oernachtingsplak om in heerlijk miel te iten


zaterdag 20 mei 2017

Sneon 20 maaie

Fannemoarn moasten we betiid opstean om op reis te gean. De sinne skynde en mei goede moed gongen we yn de bus sitten om nei Targoviste te gean. Dêr ha we de kaserne besocht wer't Ceausescu deasketten is mei syn frou Elena. It wie in indrukwekkend verhaal wer't ek op YouTube in film fan te besjen is. Dernei gongen we mei Sinaia yn de bergen om te lunsjen en it simmer kasteel fan de Roemeense kening te besjen. In machtich ryk gebou yn Dutske style mei alle pracht en praal dysto dy mar yntinke kenst. Doet we dêr wiene reinde it flink sadat we bliid wiene doet we ûnderdak hiene. Fierder gong de reis via Brasov wer't ik net folle fan sjoen ha omdat ik en de measten in knipperke dienen. Tsjin fiif oere wiene yn Aita Mare yn it Hongaars is it Nagyajta it doarp wer't de minsken al op ús stiene te wachtsjen om ús te ûntfangen. Dat barde op de har gebrûklike wize mei schnaps en keek. No noch ôfwachtsje wer't we sliepe sille. De wegen binnen hjir net allegear like goed, want we wurde yn de bus soms aardich trochinoarskodde. Mar soms binne se wol goed en kinne we flink opsjitte.

donderdag 18 mei 2017

freed 19 maaie

We hawwe in goede nachtrest hân en sille hjoed de stêd besjen.
Fannemoarn binne we mei de bus de stêd yngien om de belangrykste zaken te bezien. Rob en Chiel hawwe ús fan alles sjen litten en der útlis by jûn. Nei twa oeren slenterjen ha we in hearlik plakje oandien om te lunchen. Doe binne we mei de bus nei it tige grutte parlementsgebouw ta gien en om it te besjen. It is it op ienei grutste gebou fan de wrâld nei it Capitool. Werkelijk in gâns grut gebou we hawwe der mar ienfiifde part fan sjoen en oardel km rûn. No rêste we efkes om aanst nei de stêd te gram om te iten.

Donderdag 18 mei

We binnen yn it hotel oankaam nei in goede fleanreis fan Dortmund nei Bukasrest. We moasten yn Dortmund wol in heal oere wachtsje om de startmoter it net goed die. Mar de flucht gyng fierder hiel goed ek de landing wie zacht. De keamers lizze op de heechste ferdjipping en it wie in keunst om de lift te bestjinjen. De busreis gong fannemoarn ek hiel goed sûnder opûnthâld. Dat we sille no om njoggen oere by jim acht oere om iten.

woensdag 17 mei 2017

woansdei 17 maaie

Noch ien nachtsje sliepen en dan giet it oan. It wurdt wol in koart nachtsje want we moatte in heal oere earder fuort fanwege de drokte yn Dordmund op it fleanfjild. Goede nacht allegearre.

zaterdag 13 mei 2017

sneon 13 maaie

It wie hjoed wer in dei mei buien mar ik bin dochs mar op de fytst stapt om in rûndsje te meitsjen. Om healve alven bin ik rjochting Dokkum fytst oer Brantgum en Foudgum en dan troch de landerijen nei Lytse Hiaure dat eins in fuotpaad is, mar mei in bytsje goede wil ek te fytsen is. Fandêr It Grutdjip del nei Ee en dan oer de Wâlddyk nei Kollum. dêr haw ik in foto fan de mûne makke dy't optúgd wie fanwege Molendag. It begûn wat te snitterjen en ik koe noch krekt by Meckemastate it fersoargingshûs nei binnen foar dat de bui echt losbarste, mei ûnwaar. Dan mar in ferplichte rêstpauze nimmen en in kopke sop mei in hiel soad balletsjes keapje en opite. It reinjekje mar oan foar de drippen dy't fan de beammen falle. Dan rjochting Bûtenpost en it fytspaad om it kleaster fan Feankleaster del nei Kollumerzwaag. Der binne hielendal gjin minsken op de fytspaden hjoed, want de loft driget hieltiden. Yn Twizelerheide hawwe se in jiermerk mar dêr falt fierder net folle te besjen en dan op nei Feanwâlden. In lyts omweike fia de nije fytsbrêgen fan Noardburgum oer de Sintrale as. Sa kom ik by ús dochter dy't oan it ferfjen is. Wat drinke en dan mar wer op de fyts nei de Ottemawei en fia Readtsjerk en Aldtsjerk nei Burdaard om in foto fan de draaiende mûne dêr te meitsjen. Sa kom ik wer yn Blije en drink kofje mei Wiets. In noflike rit fan 72 km as tariding op de âlvestêdentocht.

vrijdag 12 mei 2017

freed 12 maaie

Hjoed waard der rein foarspeld, dat ik haw myn fytsplan ferskood nei moarn hopelik is it dan gruttendiels droech.
Justerjûn ha wy in riedskommisje gearkomste hân en kaam pas healwei twolve oere thús. Dan earst noch mar wat tv sjen en wat bekomme en dan nei bêd.


donderdag 11 mei 2017

Tongersdei 11 maaie

Oer in wike sil ik mei 29 oare minsken in reis nei Roemenië meitsje. We gean mei in bus om 8.00 oere út Holwert wei nei Dortmund om dêr mei it fleantuch nei Boekarest te fleanen. Dat hâldt yn dat ik net de âlvemarrentocht fytse kin op sneon 20 maaie.
Twadde Pinksterdei sil ik al mei dwaan oan de fytsâlvestêdetocht fanút Boalsert. It gelok hat mei my west want ik mei om 5.00 oere starte dat is de eerste groep dy't starte mei. It sil wol wat letter dan fiif oere wurde want de eerste groep rint eerst efter it korps oan nei de earste stimpelpost.
Hopelik is it dan ek wat goed waar en waait it net te hurd. It sil myn seisde kear wêze dat ik de tocht ryd.
Woansdei nei Pinkster hoopje ik op wei te gean foar myn fytstrektocht nei Dresden. Dan sil ik in soad plakken oandwaan wert Luther west hat en wer't no fiifhûnderd jier Reformaasje betocht wurdt.