Om healve tsienen bin we fannemoarn de stêd yngien nei it museum fan de desimber revolusje fan 1989, dy't yn Timisaora begûn is. Underweis rûnen we fan it Viktoria pizza nei it plein fan de Frijheid wer't ûnderweis tige moaie gebouwen te sjen wiene út begin 1900 fan de Jugendstil en fan de Serfyske tyd en de Hongaarse periode. Guon gebouwen stean noch ynpakt of wie men kan it restaurearjen. It is in prachtige stêd dy't yn 2021 opteart foar kulturele haadstêd fan Europa en dat is har fan herten gund. Der is no ek in muzykaal barren yn de stêd, mei allegearre optredens op ferskate plakken
It trêde piata is dat fan de openheid, mei de katolyke tsjerke en de Serfyske katedraal, allegearre ymponearjende gebouwen. By it museum fan de revolusje krigen we earst nog wat útliz en seagen dernei de dokumentaire film dy't fan dy dagen gearstald is. Dat wie hiel yngripend en ek wol emosjioniel. We krigen de tyd om de gearstalling fan de dagen sa as kranten en in hiel soad foto's te besjen.
Mei alle indrukken noch by ús rûnen we nei ús lunsjadres en dan moat je ek wolris de dyk oersterke, mar dat kin hjir as rinner sûnder gevaar barre, want de autos stopje grif foar wandelaars ek at je net by in zebra oerstekke, der kinne de sjauffeurs yn Nederlân noch wat fan leare.
Middeis wiene we frij om de stêd yn te gean en alles nochris op ús gemak te besjen, sa as de ortodokse katedraal en de parken by de rivier de Bega. Sa rûnen we wer nei it sintrum om op in terraske te genietsje fan in drankje en de dunne.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten