zaterdag 20 mei 2017
Sneon 20 maaie
Fannemoarn moasten we betiid opstean om op reis te gean. De sinne skynde en mei goede moed gongen we yn de bus sitten om nei Targoviste te gean. Dêr ha we de kaserne besocht wer't Ceausescu deasketten is mei syn frou Elena. It wie in indrukwekkend verhaal wer't ek op YouTube in film fan te besjen is. Dernei gongen we mei Sinaia yn de bergen om te lunsjen en it simmer kasteel fan de Roemeense kening te besjen. In machtich ryk gebou yn Dutske style mei alle pracht en praal dysto dy mar yntinke kenst. Doet we dêr wiene reinde it flink sadat we bliid wiene doet we ûnderdak hiene. Fierder gong de reis via Brasov wer't ik net folle fan sjoen ha omdat ik en de measten in knipperke dienen. Tsjin fiif oere wiene yn Aita Mare yn it Hongaars is it Nagyajta it doarp wer't de minsken al op ús stiene te wachtsjen om ús te ûntfangen. Dat barde op de har gebrûklike wize mei schnaps en keek. No noch ôfwachtsje wer't we sliepe sille. De wegen binnen
hjir net allegear like goed, want we wurde yn de bus soms aardich
trochinoarskodde. Mar soms binne se wol goed en kinne we flink opsjitte.
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
Deze reactie is verwijderd door een blogbeheerder.
BeantwoordenVerwijderen