De Dútske namme fan de stêd is Hermannstadt en it historysk sintrum hat in tige moaie gevelwand. Fan dêr binne we nei de noch oanwêziche stêdsmuorre rûn mei de beide tuorren wer't yn troch de pottebakkers ûnderholden wurde moast en de oare troch de timmerlju. Sa gongen langs de musyk timpel dy't ûnderbrocht wie yn in hiele grouwe bastiontoer. We hiene noch in blik yn de Fransiskaner katolyke tsjerke om dêr tichteby yn de Pizzabar de lunsj te hawwen. De serveerster brocht ús grutte platte skalen mei pizza en foar dat it op wie brocht se al wer in nije. As toetje krigen we in lekker bakje mei fruit en iis en slachrjemme.
Nei it iten binne nei it museum gien om wat te sjen en te hearren oer de skiednis fan dizze streek en de ynfloed fan de Reformaasje op it deistich bestean. It reinde al in bytsje doet we út it museum mei boekhannel kamen en koene doe mei de bus wer nei it hotel. It jûnsiten hiene we ek yn de stêd en waarden mei de bus hinne brocht. Hjir sieten ek in groep út Dútsklân hja hiene as frouljusferiening de mannen mei naam foar har reiske.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten