De tsjerke fan Sibiel sjocht derút as in katolyke tsjerke Mar is boud yn de tyd dat de ortodoksen net iepenlijk in tsjerke bouwen mochten en binnenyn it wol degelik in ortodoksen tsjerke is. We binne fannemoarn om healwei tsienen dêr yn de bus hinne gien. Rjochts fan de tsjerke is in museum mei ikoanen op glês, makke troch minsken yn naïeve foarm. It wie bysûnder om dat te besjen en om in part fan de tsjinst yn de tsjerke mei te meitsjen op Himelfeartsdei. Letter kamen der meer froulju nei de tsjerke mei de bern yn traditionyle klean oanklaaid wat in aardich gesicht wie.
Oer de âlde dyk riden we nei it doarpke wer't de basis wie fan de Huttersen Doopsgezinden. Yn Amerika binne noch in soad mienskippen dy't dêr út ûntstien binne, de broederskippen dy't alles mienskippelik hawwe, mar fierder wol modern binne.
Doe gingen we op wei nei Alba Lulia wer't we ite yn in bastion fan de Citadel. It spielde fan de rein doet we dêr hinne rinne moasten, want de bus koe der net tichterby komme.
We hawwe dêr lekker midieuws iten hàn en nei de wc, want de rein wurke wol op de blaas.
Om yn de Citadel te kommen wie in besykje fanwege it fûle reinen. Dweiltrochwiet komme we yn it museum, wer't op 1 desimber 1918 de berte fan Roemenië bart troch ûndertekening troch de kening. We makken noch in folgjende spurt nei tsjerke wer't de kroaning fan de kening plak fûn hat. Doe gau nei de bus om wat te droechjen en byte warmen en te sliepen. Letter sille we mei de bus nei ús dinner kafee.
Deze reactie is verwijderd door een blogbeheerder.
BeantwoordenVerwijderen