It wie hjoed wer in dei mei buien mar ik bin dochs mar op de fytst stapt om in rûndsje te meitsjen. Om healve alven bin ik rjochting Dokkum fytst oer Brantgum en Foudgum en dan troch de landerijen nei Lytse Hiaure dat eins in fuotpaad is, mar mei in bytsje goede wil ek te fytsen is. Fandêr It Grutdjip del nei Ee en dan oer de Wâlddyk nei Kollum. dêr haw ik in foto fan de mûne makke dy't optúgd wie fanwege Molendag. It begûn wat te snitterjen en ik koe noch krekt by Meckemastate it fersoargingshûs nei binnen foar dat de bui echt losbarste, mei ûnwaar. Dan mar in ferplichte rêstpauze nimmen en in kopke sop mei in hiel soad balletsjes keapje en opite. It reinjekje mar oan foar de drippen dy't fan de beammen falle. Dan rjochting Bûtenpost en it fytspaad om it kleaster fan Feankleaster del nei Kollumerzwaag. Der binne hielendal gjin minsken op de fytspaden hjoed, want de loft driget hieltiden. Yn Twizelerheide hawwe se in jiermerk mar dêr falt fierder net folle te besjen en dan op nei Feanwâlden. In lyts omweike fia de nije fytsbrêgen fan Noardburgum oer de Sintrale as. Sa kom ik by ús dochter dy't oan it ferfjen is. Wat drinke en dan mar wer op de fyts nei de Ottemawei en fia Readtsjerk en Aldtsjerk nei Burdaard om in foto fan de draaiende mûne dêr te meitsjen. Sa kom ik wer yn Blije en drink kofje mei Wiets. In noflike rit fan 72 km as tariding op de âlvestêdentocht.
Deze reactie is verwijderd door een blogbeheerder.
BeantwoordenVerwijderen