maandag 22 mei 2017

Moandei 22 maaie


It wie hjoed werd in moaie dei, nachts hie it wol wat reint, mar de wolken brieken iepen. Om goed njoggen oere gingen we mei de bus nei in doarpke mei in hiel moai âld interieur, dat echt de moeite wurch wie om te besjen. It wie in Unitaristyske tsjerke mei prachtige plafond skilderingen. De hinnereis nei Ocland gong troch in tige bosachtich en ûnbewenne gebied mei hiel snelle en slingerende dyken. Mar it slimste kaam doet we derwei nei ús bestemming Schässburg soenen. Op de grins mei de oare profinsje holde de asfaltdyk op en waard it in sintelwei mei grutte koelen, dat we hobbelden fan de iene nei de oare side fan de wei en yn de bus. Dit holde net op en ús sjauffeur keerde om midden op de dyk en, om in oare route te nimmen. Dertroch kamen we haast in oere letter yn de stêd om te lunsjen, wer't Rigt en Johannes al op ús wachten. We krigen dêr in útgebreid miel foarskoatelle, dat guon mar mei moeite opkrigen.
Nei it iten krigen we frijheid om de stêd te besjen, elk op syn eigen ynsjoch. In groepke hat de trep mei 170 treden beklommen om de hiel âlde burchttsjerke te besjen en fan it útsicht te genietsjen, wat net meifoel fanwege de beammen. Dan nei ûnderen ta oer de glêde stjinnen en gau in terraske opsocht om by te kommen. By de parkpleats namen de measten gau efkes in lekkere softijs. Dan wer werom mei de bus nei Nagyaita om goulash te iten. Underwijs ha we hiel moaie fûgeltsjes yn de berm fan de wei sjoen. Fierder is it in hiel grien lân mei greiden of bosken. De koarte broek koe hjoed wol oan en de reinjas wie oerstallich, meinoar in skitterende dei.

1 opmerking: