Mei twa taxi buskes binne we nei it fleanfjid fan Timisoara ta brocht. We moasten fansels wol twa oeren wachtsje, mar doet alles der yn siet, starte de piloot de motor en gongen we op tyd de loft yn. Sa kamen we ek op tyd yn Eindhoven oan, mar de sjaufeur miende dat we in oere letter oankomme soene en dus moasten we dêr efkes wachtsje ek fan wege syn rydoeren. Yn Apeldoorn is Marjanne der útstapt en haw wy kofje dronken yn it Posteljon. Sa kamen we ek troch wat opstoppings om acht oere yn Holwerd oan en binne wy mei in foldien gefoel nei hûs ta gien.
Wha't noch wat lêze wol fan myn fytstrektocht nei Dresden kin dat lêze op www.pindat.nl ellertfietst.
vrijdag 9 juni 2017
zondag 28 mei 2017
snein 28 maaie
We binne fannemoarn om healve tsienen rjochting de Herfoarme tsjerke fan Lasko Tökes gien om dêr de tsjinst y te wenjen, it sil ek wer in dooptsjinst wêze lykas ferline wike yn Nagyajta.
Underweis hâldt Rob noch wat útliz by it ien en oar sa ek op it pleintsje neist de tsjerke wer't wy nei de tsjinst ek noch in ferhaal krije út it boek de Transylvanische Bruiloft fan Stefan Lang útjoen by de Geus. In tige oangrypend libbensferhaal mei de gebeurtenissen ek yn Timisaora. Om de tsjinst by te wenjen moatte twa treppen op om't de tsjerkeseal op in hegere ferdjipping leit. Fan de tsjinst kinne we allinne folgje wat er sa no en dan yn it Ingels seit, en fan de lieten wer't we de meldei fan kenne in bytsje meisjonge as er in lieteboek yn de buurt is. Sa besykje ik fan de froutsjes foar my in graantsje mei te pikken. De preek duorret net lang mar de lêzingen by de doop beslaggen gau in heal oere. De alwat gruttere baby schrok tige fan it wetter dat oer har útgetten waard dat it zette it op in heftich gûlen. Nei de tsjinst hat de dûmny ek noch it ien en oar oer de tsjerke en de skiednis ferteld.Yn de ûnderste ruimte ûnder de tsjerke krigen we in lunsj en dy wie wer ryklik foarskoatelle fan gerechten en in grutte feelhied oan iten. De dûmny sil ús nei it iten troch de stêd liede, mar moat him earst ferklaaie, sa komt er werom yn koarte broek en in skippers pet op.
We ha mei him noch oardel oere troch de stêd rûn, in âfstân fan ûngefear 1,5 km en waarden troch him noch op in oantal bysûnderheden wezen. Dernei wie it tyd om in terraske te pikken of wat út te rêsten yn it hotel en grif noch in ysko te nimmen. It junsmiel gebrûke we tichteby yn in restaurant.
zaterdag 27 mei 2017
woansdei 24 maaie
De Dútske namme fan de stêd is Hermannstadt en it historysk sintrum hat in tige moaie gevelwand. Fan dêr binne we nei de noch oanwêziche stêdsmuorre rûn mei de beide tuorren wer't yn troch de pottebakkers ûnderholden wurde moast en de oare troch de timmerlju. Sa gongen langs de musyk timpel dy't ûnderbrocht wie yn in hiele grouwe bastiontoer. We hiene noch in blik yn de Fransiskaner katolyke tsjerke om dêr tichteby yn de Pizzabar de lunsj te hawwen. De serveerster brocht ús grutte platte skalen mei pizza en foar dat it op wie brocht se al wer in nije. As toetje krigen we in lekker bakje mei fruit en iis en slachrjemme.
Nei it iten binne nei it museum gien om wat te sjen en te hearren oer de skiednis fan dizze streek en de ynfloed fan de Reformaasje op it deistich bestean. It reinde al in bytsje doet we út it museum mei boekhannel kamen en koene doe mei de bus wer nei it hotel. It jûnsiten hiene we ek yn de stêd en waarden mei de bus hinne brocht. Hjir sieten ek in groep út Dútsklân hja hiene as frouljusferiening de mannen mei naam foar har reiske.
sneon 27 maaie
Om healve tsienen bin we fannemoarn de stêd yngien nei it museum fan de desimber revolusje fan 1989, dy't yn Timisaora begûn is. Underweis rûnen we fan it Viktoria pizza nei it plein fan de Frijheid wer't ûnderweis tige moaie gebouwen te sjen wiene út begin 1900 fan de Jugendstil en fan de Serfyske tyd en de Hongaarse periode. Guon gebouwen stean noch ynpakt of wie men kan it restaurearjen. It is in prachtige stêd dy't yn 2021 opteart foar kulturele haadstêd fan Europa en dat is har fan herten gund. Der is no ek in muzykaal barren yn de stêd, mei allegearre optredens op ferskate plakken
It trêde piata is dat fan de openheid, mei de katolyke tsjerke en de Serfyske katedraal, allegearre ymponearjende gebouwen. By it museum fan de revolusje krigen we earst nog wat útliz en seagen dernei de dokumentaire film dy't fan dy dagen gearstald is. Dat wie hiel yngripend en ek wol emosjioniel. We krigen de tyd om de gearstalling fan de dagen sa as kranten en in hiel soad foto's te besjen.
Mei alle indrukken noch by ús rûnen we nei ús lunsjadres en dan moat je ek wolris de dyk oersterke, mar dat kin hjir as rinner sûnder gevaar barre, want de autos stopje grif foar wandelaars ek at je net by in zebra oerstekke, der kinne de sjauffeurs yn Nederlân noch wat fan leare.
Middeis wiene we frij om de stêd yn te gean en alles nochris op ús gemak te besjen, sa as de ortodokse katedraal en de parken by de rivier de Bega. Sa rûnen we wer nei it sintrum om op in terraske te genietsje fan in drankje en de dunne.
vrijdag 26 mei 2017
Freed 26 maaie
De blog fan woansdei haw ik abusievelijk ferwidere mar sil it as der tyd foar is, opnij skriuwe. Underweis fan Sibiu nei Timisaora ha we de burcht yn Deva besocht. We moasten mei in liftskaft de berch op om nei it moai restaurearre omsluting fan it kastiel te kommen, dat sels noch in ruïne wie, mar de stienen bewâling seach der goed út en joech in geweldich moai útsicht op de stêd Deva, wer't we nei besyk oan de burcht ek de lunsj hienen, dit kear wie it lasagne mei tomaat. De griente is meastal in bakje mei tomaat en dat liet ik moai stean foar in oar. It útsicht boppe wie net helder fanwege bewolking en ûnderweis ha we ek noch in lyts buike hân, Mar letter op de dei waard it yderkear sinniger en waarmer. Fan Deva soenen wy de nije autowei del, Mar dy wie noch net klear en foar de âlde wei joech de navigaasje oan dat dêr in soad opûnthâld wêze doe, dat de sjauffeur naam in oare rûte dy't de planner oanjoech. Dat hâlde yn dat de earste 30 km goed wiene, mar dernei krigen we 20 km oer in hobbel dyk mei gatten en bobbels wertroch tink gjin ien yn sliep fallen is.
De folgjende bestimming wie in wynpriuwerij, in wyngerd bedruw fan 10 ha wyngerds. It is in prachtich gesicht oer de fjilden mei wynstokken fan boppe ôf. Dernei kaam de útliz oer de opset fan dit Ingels Roemeensk bedriuw. We hawwe ús de wyn goed smeitsje litten en guon ha ek mar wat kocht foar ûnderweis of foar thús. It hotel leit midden yn it sintrum fan Timisaora en sjocht der goed lúks mei swimbad út en noch mar ôfwachtsje of we hjir goed sliepe en ite kinne.

donderdag 25 mei 2017
Tongersdei 25 maaie
De tsjerke fan Sibiel sjocht derút as in katolyke tsjerke Mar is boud yn de tyd dat de ortodoksen net iepenlijk in tsjerke bouwen mochten en binnenyn it wol degelik in ortodoksen tsjerke is. We binne fannemoarn om healwei tsienen dêr yn de bus hinne gien. Rjochts fan de tsjerke is in museum mei ikoanen op glês, makke troch minsken yn naïeve foarm. It wie bysûnder om dat te besjen en om in part fan de tsjinst yn de tsjerke mei te meitsjen op Himelfeartsdei. Letter kamen der meer froulju nei de tsjerke mei de bern yn traditionyle klean oanklaaid wat in aardich gesicht wie.
Oer de âlde dyk riden we nei it doarpke wer't de basis wie fan de Huttersen Doopsgezinden. Yn Amerika binne noch in soad mienskippen dy't dêr út ûntstien binne, de broederskippen dy't alles mienskippelik hawwe, mar fierder wol modern binne.
Doe gingen we op wei nei Alba Lulia wer't we ite yn in bastion fan de Citadel. It spielde fan de rein doet we dêr hinne rinne moasten, want de bus koe der net tichterby komme.
We hawwe dêr lekker midieuws iten hàn en nei de wc, want de rein wurke wol op de blaas.
Om yn de Citadel te kommen wie in besykje fanwege it fûle reinen. Dweiltrochwiet komme we yn it museum, wer't op 1 desimber 1918 de berte fan Roemenië bart troch ûndertekening troch de kening. We makken noch in folgjende spurt nei tsjerke wer't de kroaning fan de kening plak fûn hat. Doe gau nei de bus om wat te droechjen en byte warmen en te sliepen. Letter sille we mei de bus nei ús dinner kafee.

dinsdag 23 mei 2017
tiisdei 23 maaie
We ha fannemoarn indrukwekkend ôfskied naam fan ús gastjouwers yn Nagyajta. Ek justerjûn wie it bysûnder want nei wat oer en wer jaan fan kadootsjes, begûnen we pas nei njoggen oan it iten. We koene earst by it salade buffet del en dernei kaam de goulashpanne mei makarony. It wie eins allegearre te folle fan it goede, mar wol hearlik, der't we middeis ek al goulashsop hân hiene. Fan drankjes wie der gjin ferlet en as toetje kaam de skaal mei gebak op tafel, dit alles mei sjongen en dûnsjen.
Doe gong de reis oan nei Sibiu en ûnderweis in besite oan de berenopfang te Zarnisti. Je soenen ferwachtsje dat dêr in goede wei hinne giet, mar sa as safolle sydwegen wie dit ek in ûnferhurde dyk mei grutte gatten en somtiden langs in steile ôfgrûn dat guon har besouden. Boppe op de berch masten we in heal oere wachtsjen. De gids dy't gebrekkich Ingels spriek bearde dat fiif minuten. Mar sa giet dat yn dit lân, alles duorret wat langer ek de bouw fan it medysk sintrum yn Nagyajta dat wer útsteld is.

Tsjin healve ienen ryden we wer oer it inge paad nei ûnderen om nei Brad by Max te iten. Dat wie in grutte panne mei sop mei in soad fleis eryn. Dernei rys mei fleis en in bakje raue sûrkoal en as toetje gebak. Mei in fol liif wer yn de bus op wei nei Sibiu, derby hienen we in prachtich útsjoch op de bergen mei snie fan de Karpaten.
Underweis flak foar de stêd hienen we hast in oanriding, in frachtauto keerde midden op de dyk en bleau stil staan sadat ús sjauffeur mar amper him ûntwike koe troch te remjen. Dat wie wol efkes skrikke foar ús allen.

Abonneren op:
Posts (Atom)