vrijdag 18 mei 2018
Tongersdei 17 maaie
Sûnder ûngemakken binne wy tongerstejûn allegearre wêr op ús eigen plak thús kaam. Nei in goede flecht fan Cluj nei Eindhoven wêr't we wat letter oankamen dan pland wie om't we ek wat letter fuort gien winen, stie de bus dit kear al op it parkearterrein op ús te wachtsjen.
De lêste busreis fan Târgu Mares nei Cluj ferrûn ek goed, mar wy koene net de stêd Turda yn en nei de tsjerke, wêr't it ferdrach sluten wie dat alle godstsjinsten gelyk wiene, want de wegen wine opbrutsen en de de rute nei it sintrum stie fol mei ferkear. Dêrom riden we mar yn ienkear troch nei Cluj en namen dêr nei it útstappen ôfskied fan Mikkie ús Roemeenske sjauffeur dy't ús feilich en rêstich troch alle stêden en oare wegen ferfierd hat. Hy wie juster ek noch jierdei en koe no wêr nei syn eigen famylje ta, mei in lytse skea oan de bus fanwegen it fêst komme te sitten mei de efterkant yn it asfalt.
Op it fleanfjild is it altiten in hiel gedoch, yntsjekken en paspoart sjen litte, dan noch ris alle saken mei metaal út of ôf, riemen, galgen, horloazjes, skuon mei steunsoallen en neam mar op, mar dat ha wy ek wer goed trochstien.
Underweis yn de bus nei Holwert waard troch Klaas in moaie taspraak holden dy't foar it wurk en organisaasje fan Rob en Giel in plompke joech, hy ferwurde ús alle belibben dat wy in prachtige reis hân ha. Ek Diet joech op har wize mei in pear wurden oan wat hja fan de reis ûnderfûn hat. Ta slot joech Binne nammens ús allegearre de beide mannen in slúf mei ynhâld foar in itentsje of sa Rob sei foar in nije koffer, want syn wieltsje wie der ôfknapt. Sa stapten de earsten út de bus yn Grou en oaren yn Stiens en de lêsten yn Holwert, nei in tige slagge reis nei Roemenië. We ha in soar heart fan ús reislieders en noch mear sjoen fan in lân dat in hiel westerske útstrieling hat yn de stêden, mar op it plattelân noch efterbliuwt yn ûntwikkeling.
woensdag 16 mei 2018
woansdei 16 maaie
Hjoed is it de lêste dei dat wy wat besjogge yn Roemenië yn de stêd Tâgu Mures. Dizze nachtis der in soad rein fallen, it is droech at wy nei de Synagoge ta gean. De mannen moatte in keppeltsje opdwaan, mar de pet dy't Binne ophat is ek goed genôch. In lid fan de gemeente joech ús wat útlis oer it gebou en de Joadske gemeente dy't oan it útstjerren is. Hysels wie eins in heale joad, mar koe wol Hebriuwsk lêze en it oersette yn it Hongaars en Roemeensk. Op joadske feestdagen komme der ek in soad oare minsken yn de synagoge, dy't as treinen dat bywenje wolle. De joaden fan Târgu Mures moatte wol 15 joadske begraafplakken ûnderhâlde en it is de fraach hoe lang hja dat noch dwaande kinne, sjoen de leeftiid fan de measten fan de gemeente.
Dernei bin wy de stêd fierder yngien, op it sintrale plein mei de ortodokse tsjerke en it stânbyld fan in wichtige Roemeen. Yn de ortodokse tsjerke hat in âfbylding dy't oanjûn dat de Roemenen ûnderdrukt waarden troch de Hongaren. Sa hat eltse befolkingsgroep syn eigen ferhaal fan de skiednis. Om yn de Burchttsjerke te kommen moasten wy in treppen opklauterje, dy't net fan de tsjerke sels wie, want dy hiene de kommunisten ferdwine litten. De dûmny fan de Herfoarme Burchttsjerke koe ús yn it Nederlansk it ien en oer fertelle, hy hie yn Nederlân studearre. De tsjerke sil restaurearre wurde en men wie al drok oan it bikken op de kalklaach om te sjen at er ek noch fresko's te finen wine. Wy dronken kofje op in terraske en ha wer lekker iten yn kafee Cesar en wachten dêr de tongerbui ôf.
Middeisiten ha wy nei it kultuur palast en it Profinsje hûs west, wat beide yn de Jugendstil bout is en der geweldich moai útsjocht. It is net te beskriuwen wat wy dêr oan útwrytske dingen en ôfbyldings sjoen ha. De yngong en de treppen wine tige fraai en pompeus makke. Ek de glês yn lead ruten en de plafonds wine tige drok mei in soad ornamenten makke. De muzykseal ha we besjoen en de skilderijen tentoanstelling en binne dernei de stêd yngien om troch it âlde stedsdiel te rinnen. Op in binnenplak ha wy mei inoar noflik sitte te bekommen fan alle yndrukken foar't wy nei it hotel werom rûnen.
.

dinsdag 15 mei 2018
tiisdei 15 maaie
Wy binne hjoed oankommen yn Târgu Mures, de stêd wêr't Rob en Giel har appartemint ha. It is in grutte stêd mei 130.000 ynwenners en mei smelle strjitsjes, want de bus koe net yn de strjitte fan it hotel komme. Sa as op in soad plakken yn dizze mannen wurde je ûnophâldlik troch strjitferkeapers lêstich fallen om in boekje blommen te keapje. Mar earst ha wy fannemoarn ôfskied nimme moatte fan de freonlike minsken yn Nagyajta, dy't ús wer ûntfongen hawwe en geweldich fersoarge. Wy gongen yn in kring om har hinne stean en koene sa fan eltsenien ôfskied nimme, nei't der in groepsfoto makke wie.
Sa riden we om healwei njoggenen mei de bus nei ús folgjende plak om te besjen de grutte rûmte fan de saltâfgraving op 100 meter ûnder de grûn yn Praid. Underweis ha we der noch efkes út west om de kreamkes yn Corund del te rinnen mei it ferneamde baksel oan potten en pannen.
Yn Praid gean je earst mei in dûbele lange bus de sâltgrot yn en dan moasten wy noch 275 treden nei ûnderen om yn it ûnbidich grutte boartershol te kommen, want it is feitlik ynrjochte as in boartershol foar bern, mar ek grutte minsken kinne har dêr fermelden mei pingpongen of oare balspultsjes. Oan it ein fan de grot wie ek in soarte fan kapel ynrjochte en in muorre mei ynformaasje as museum. It gebied wie tige yndrukken en werom de treppen opklauterje en wachtsje op de bus.
Net fier dēr wei yn Sovota ha we iten om trije oere en dêr kamen Richt en Johannes efkes by ús, hja ha dêr in ûnderkommen. Nei in kuierke om it mar mei sâlt wetter en in plak foar modder baden, binne troch in moaie streek nei Târgu Mures riden en moasten wy in stikje mei de koffer rinne om by it hotel te kommen.

maandag 14 mei 2018
moandei 14 maaie
It hat fannacht flink reint en it is noch net droech as wy ite, mar de loft wurdt al ljochter. Sa no en dan drige it wol, mar we ha it de hiele dei droech holden en sa no en dan ek de sinne noch wol sjoen. Andrea de Roemeenske, dy't mei ús de reis meimakket, hat yn har eigen doarp in rute om te besjen foar ús betocht. We gean earst nei it gebou oan de râne fan it doarp, wêr't yn in âld ferfallen histoarysk gebou it soarchsintrum komme moat. De boargemaster leit út hoefier it hjir mei stoet, hooplik kin men it oare jier mei de renovaasje fan it gebou begjinnen as it goedkarring kriget fan de oerheid.
It gebou hat brûkt west as kazerne, skoalle, wenhûs en opslach plak. Dernei ha wy de foarútgong besjoen fan de renovaasje fan it gemeentehûs. Dat foarderet reedlik en moat it oare jier juny klear wêze. Troch de stofgordinen koene we yn it gebou sjen hoe fier it dêrmei wie, foaral de plafonbeskilderingen wie bysonder moai. Dernei gongen wy nei de basisskoalle en mochten yn de lokalen by de bern sjen. Foaral de beukers wie moai, want hja diene in dûnske foar ús, wêr't hja in pryske mei wûn hiene. Fierder liede Andrea ús nei de deakistenfabryk wêr't op in profesjoniele wize, de kisten klearmakke waarden, om ek nei it bûtenlân ferkocht te wurden. Dan gongen we noch nei in buorkerij, dy't mei subsydzje fan de EU opset wurde koe en der goed útseach.
Nei it grutte middeisiten riden we mei de bus nei Brand, foarby Brasov wêr't it kastiel fan Drakula stoet. It is in betocht ferhaal fan in Skotse skriuwer, dy't Sels neat yn it kastiel west hat. Der binne yn it ferhaal wol eleminten fan figueren út de Roemeenske skiednis ferwurke en men hat er echt in toeristyske atraksje fan makke. Der wiene allerhanne ferkeapkreampkes wêr't men prullaria keapje koe. Op de weromreis nei Nagyajta riden we by Brasov by de hotels fan de wintersport gebied del, dat er no mar stil by stie, men wil dus noch wat attraksje foar de simmer betinke moatte. Yn Nagjata wie men drok dwaande mei it klear meitsje fan it iten, yn in grutte pân goulash bûten op it fjoer. It sil ús wol wer goed smeitsje.

zondag 13 mei 2018
snein 13 maaie
De tsjerketsjinst begjint om 11.00 oere en we hawwe foar de tsjinst gelegenheid om de romte om de tsjerke te besjen. It moarnsiten wie om njoggen oere en. De measten binne al earder bûten om fan de sinne te genietsjen, wylst de temperatuer noch net echt heech is, want dy wie fannacht aardich tsjin de nul graden. Rob fertelt by de tsjerke oer de tinktekens dy't dêr stean as oantinken oan guon barrens en foar minsken dy't fyftich hier wurden binne, dus Abraham sjoen ha. Fierder stean der op de grutte begraafplak ek bysûndere tinktekens. We hawwe bûten de stiennen muorre in moai útsicht oer de omjouwing. De muorre om de tsjerke tsjinne as beskerming foar fijannich oanfallen, en is aardich yn fertaling, krekt as de tsjerke mar dêr ha hja no in tasizzing fan subsydzje foar restauraasje fan it gebied.
De tsjinst waard holden yn it Hongaarsk, dat in soarte ha wy der net fan begrepen, wol dat it giet oer de memmen dy't mei har bern by Jezus komme en om in hânoplizzing freegje foar har, om't Rob dat stik foar ús lêzen hat út de Nederlânske Bibel. It is hjoed ek memmedei en de bern sizze oan it ein fan de tsjinst ferskes op, nei't wy in pear Fryske lieten songen hawwe.
Nei it middeisiten sille om trije oere mei hynder en wein in rit troch de omjouwing meitsje. Der komme trije weinen, twa mei ien hynder en de oare mei twa hynder derfoar. As elkenien in plakje fûn hat en wat steun fûn hat oan in oar, ride we de fjilden yn. Foar it wie hynder wie it soms in toer om foarút te kommen en moasten de hynders efkes wachtsje. Underweis kamen wy by in greide mei buffels del. It paad wie net oeral flak en we hobbeljen troch inoar hast. Op de wei nei ûnderen moasten wy troch in beek, wêr't de hynder earst efkes drinke woene. Fierderop wie in fiver om yn te fokken tsjin betelling, dêr stiene ek grutte fakânsje huzen by. It lêste stik gong oer de ferhurde dyk en doe draafden de hynder omraak. It wie in tige nijsgjirrich barren en sa kamen wy wer by ús ferbliuw yn Nagyajta. Aanst sille we ite fan de BBQ, de mannen hawwe it fjoer al brânen.

zaterdag 12 mei 2018
sneon 12 maaie
It Turist hotel yn Lacu Rosu hat ek in swimbad en dat ha ik juster efkes probearre foardat ite moasten. Krekt om healve achten koene we oan tafel foar in ienfâldich miel, fleis mei patat sûnder majonaize. Dernei krigen we noch cake mei jam en ha we nei it iten noch in kuierke makke nei it Reade Mar. Mei-inoar haw noch in lytse neisit hân yn de lounge fan it hotel.
Fan 'e moarn riden we troch in prachtich heech boskgebiet dat winters ek oantreklik is foar toeristen. Yn Oderheiu Scuesc ha we de bakkerswinkel besocht wêr't út Kollum wei bakkersmateriaal nei ta stjoerd wie en no de Frieske Pan neamd wurdt. Dick, Jelke en Willemke traktearren ús op kofje mei gebak, om't hja yn dizze fakânsje har jierdei ha. It is in folslein Hongaarske stêd, mar men is ek ferplichte om neist it Hongaarsk ek Roemeensk te brûken en op de buorden te fermelden.
Foar it middeisiten binne we nei Vlahita riden, in fakânsje plak ûnder oare mei wetterswellen, as je dat wetter priuwe is it net lekker mar izerhâldend. It iten yn it restaurant Lobogo wie wêr geweldich goed. We koene der noch in lytse kuier meitsje en gongen om trije oere wêr yn de bus opwei nei Nagyajta, wêr't de minsken al op ús te wachtsjen stiene mei in pleatslik drankje en in hertlik wolkom. Dernei waarden de sliepplakken oanjûn en gong elk nei syn gastadres of sliepplak.
n in hertlik wolkom. Dernei waarden de sliepplakken oanjoen en gong elk nei syn gastadres of sliepplak.

vrijdag 11 mei 2018
freed 11 maaie
Fan 'e moarn binne om healve tsien mei fuort riden mei goed waar, we riden mei de bus nei Targu Neamt dat betsjut: Dútske merk. De rit dêrhinne wie moai, wat nei alle siden hiene we útsjoch op de bergen. Hjir is in hiel âlde burcht út 1300 dy nei ynname troch de Turken yn 1500 syn funksje ferlear en yn de rin fan de tiid in ruïne waard. Nei 2000 doe't it lân gjin kommunistysk lân mear wie hat men him diels restaurearre en in museum fan makke. Om dêr te kommen moest je in flinke klim omheech meitsje, wat net foar eltsenien wei lein wie. Fan út de burcht hie je in prachtich útsjoch oer it gebied, mei yn de fierte de Karpaten. De burcht wie tige nijsgjirrich om te besjen, allinne de buorden mei teksten wiene yn it Roemeensk en der wie gjin Ingelske of oare fertaling by om wat lêze te kinnen.
Derwei riden we nei ús middeismiel adres, dat oan it begjint fan it tige mânske stuwmar dêr't we yn de middei del riden binne. It iten wie geweldich in panne sop, mar it hiet hjir oars, mei bôle en wetter. It haadgerjocht wiene bakte heale ierappels mei twa grutte stikken fleis en in skaaltsje mei griente, tomaat en sla en komkommer. Sa as gewoanlik haw ik de tomaat oan in oar jûn. De wei by it stuwmar del wie net al te bêst en aardich heech soms tusken de beammen en wol 40 km lang. It stuwmar wie noch in projekt fan Scaucesku. We kamen doe wer yn it gebied fan Transsylvanië en ferlieten Moldavië. Yn dit gebiet wennen noch in soad Hongaren dy't fansels ek noch dy taal sprekke. Hjir begûn it lânskip te feroarjen, want it waard rotsiger en we soene troch de kleau mei de bus en werom rinne. By it swaaien fan de bus kaam hy mei it efterein fêst te sitten yn it asfalt, mar gelokkich slagge it Mikkie de sjauffeur om him wer frij te krijen, nei't wy útstapt wiene.
De kloof is in aardige belibben foar toeristen en mei in soad kreamkes lâns de dyk. De bus helle ús wer op om fierderop by it reade mar te sjen en it ferhaal deroer te hearren. In stikje werom mei de bus nei it Turist hotel, wêr't we ien nacht bliuwe.

donderdag 10 mei 2018
Tongersdei 10 maaie
It is hjoed Himelfeartsdei, mar wy fernimme der neat fan, want neffens de Juliuskalinder dy't de Ortodoksen oanhâlde falt dat ein maaie. Wol lieden de klokken fan de tsjerke fan 'e moarn, faaks om ús wekker te meitsjen, want wy koene fan 'e moarn wat útsliepe om't we pas om tsien oere mei de bus in rûnrit meitsje Soenen by wat kleaster en oare besjenswaardichheden.
Sa riden we earst nei Varta Moldovitei, ien fan de kleaster yn Bukowina, wer't neffens de ynfo in hiele 'klosterarchipel' is. Ek dit kleaster is hielendal fol mei fresko's oan de bûten en binnen side en der stiet in mânske muorre omhinne mei oan de binnenside bloeiende seringen. Ek hjir mei net fotografearre wurde sûnder tsien lei te betekenen en binnen yn is dat hielendal ferbean. Chiel fertelt wer it ien en oare, mar dat wurdt troch de non net op priis stelt en as wy wat laitsje klinkt der fan hat in dúdlik sstt. Op de pas dy't we oergean stopje we efkes om de omjouwing te besjen. Dêr is ek in âld mantsje mei beskilderde aaien, dy't er slite wol. Klaas kocht fiif en dan kriget Grietje in hânkus. We ride wer fierder nei it adres foar it middeisiten, dit kear hinnesop, forel mei seane ierpels en noch lekkere Kuche nei.
It wie in moai nij restaurant mei grutte riten, dat doe Rieky nei bûten woe, hja Samar mei de holle tsjinst it rút oanrûn, lokkich net ferwûne, mar de ober makke it rút wol fuortendaliks wer skjin. Sucevita wie ek in bysûnder moai kleaster mei in tige mânske muorre der omhinne, it waar hold him goed, mar de loft berûn alwer. Dernei riden we noch nei in bysûndere pottenbakkers mei swarte fazen. Dan wêr werom nei it hotel, om ûnderweis noch de Poalske katolike tsjerke te sjen en yn dyselde streek de húskes fan de joaden dy't dêr ek delstrutsen wiene, Lukas de poalen en oare befolkingsgroepen. It wie al wer droech doe't we by it hotel oankamen en fol mei yndrukken wat rêst namen.

woensdag 9 mei 2018
woansdei 9 maaie
Hjoed ferfarre we nei in nij adres en moatte derfoar mear as 200 km ride en dat duorret sawat de hiele dei, om't men hjir mar op syn heechst in snelheid fan 50 km per oere helje kinne. It gong hjoed noch stadiger om't men oeral mei de diken dwaande wiene. Op 10 km fan Sighetu haw we earst in prachtich moai nij kleaster besjoen, wat nei de kommunistyske tiid hielendal yn de styl fan de streek Mara mures opbout is, mei in tige spitse toer. De sinne skynde mar de loft berûn en letter yn de bus krigen we nei it middeisiten in tsjokke reinbui.
It middeisiten wie dizze kear wat ienfâldiger, bôle mei alderhande soarten belis op in skaal, mar gjin bûter der by, en in bakje mei iis ta. De streek fan Maramures is Bokovina, it boekenlân en in soad huzen binnen ek noch fan hout, mar der wurde noch folle mear nije huzen bout fan beton en stien, mar dy binnen faak mar heal klear. De doarpen binne ek echte streek doarpen wêr't de huzen ek allegearre oan de dyk stean. Hoe fierder we kamen hoe minder at de diken wiene. Doe't we oer de passen riden wie it hielendal min, mar men wie ek hurd oan it wurk dermei. We moasten hjoed trije passen oer, de earste wie op in bochten fan 1416 m op de skieding fan it âlde Oastenryk en Moldavië, de twadde wie op in hichte fan 1271 m en de tredde op 1096 m. Dat no binne we yn it Roemeenske Moldavië, mei wer in hiel oare boustyl en bewenners. Foar dat we nei it hotel gongen besochten we noch in hiel âld kleaster yn Voronet. We mochten yn koarte broek net nei binnen, mar moasten in soarte fan rokje omdwaan, dus hilariteit rûnom en mar foto's meitsje derfan. Giel hat ús in wiidweidige útlis jûn oer de fresko's fan de bûtenside fan de tsjerke en dernei binne we nei it Best Western hotel yn Guru Humorulul tien, wêr't we fan it buffet items koene.

dinsdag 8 mei 2018
Tiisdei 8 maaie
Hjoed sille we in oantal memorialen besykje yn Sighetu en dêr bûten. We rinne earst de stêd yn om nei it memoriaal oer de Roemeenske skiednis wat te sjen. It museum is fêstige yn in finzenis dy't bout is troch de kommunisten en wêr't in soad tsjinstanners fan it kommunisme fêstset binne sûnder in rjochtsaak of proses.
It is in tige treffend gehiel en men kin lang net alles besjen ek om't de beskriuwing yn it Roemeensk is. We krigen wol in beskriuwing mei yn it Ingels of Dútsk, mar om alles te lêzen falt ek net ta. Midden yn de romte wêr't de finzenen luchten waarden wie in muorre mei alle nammen fan de minsken dy't omkaam binne. Ek wie der ûnder de grûn in romte foar in meditatyf momint. Bûten it gebou stie ek in tige oangripende byldengroep dy't de fersleine minsken ferbylden.
Dernei riden we de stêd út om it plak te besjen wêr't guon deaden dumpt waarden op it earme tsjerkhôf. Hjir stean ek stiennen mei alle nammen en in hage yn de foarm fan it lân Roemenië en in monumint The Ladder of life platform wêr't we op klimme koene. Mei de bus gongen doe nei in wat freonliker barren it begraafplak fan Sapanta, wêr't we earst wer in goed middeismiel krigen. It begraafplak stiet fol mei ornaminten makke út hout mei ôfbyldingen en ferhalen fan de minsken dy't dêr begroeven binne, In besiker beskreau it sa: It tsjerkhôf is tige moai, net in plak fan de dea, mar hjir skynt de dea ek moai te wêzen, en derfoar tank ik de makker. It doarp is it echte histoaryske Maramures. Langs de dyk stiene in soad kreamkes mei tradisjonele klean en oar hânwurkspul.
Doe gongen we werom nei Sighetu om in besite te bringen oan it Elie Wieselhûs, ek wer in memorabel barren foaral beljochte waard, as je it ferhaal hearre ek út it boek de dagen dat Elie Wiesel skreaun hat oer dy tiid dat hja dêr libben en troch Rob foarlêzen waard út syn boek de Nacht yn it Frysk. Foldien en fol mei yndrukken sochten we ús keamer yn it hotel wer op om by te kommen fan alle dramatyske foarfallen.
maandag 7 mei 2018
Moandei 7 maaie
We ha fannacht better sliept as juster want doe wie der noch al wat leven yn de strjitte wêr't ús keamer oanlei, omt we de ruten iepen hiene fanwege de warmte. Wol hearden we fannemoarn ek de fleantugen wer oer de stêd fleanen, mar sa wiene wy hjir ek lande. Justerjûn ha we meininoar nei it iten noch de stêd yn west om op in terraske te sitten. De stêd hat in soad pleintsjes wêr't terraskes binne en goed beset binne troch de studinten dy't de stêd hat.
Fannemoarn stie de bus om heal wei tsienen klear om ús nei ús oare plak te bringen, dizze kear in grutte rojale bus foar mear as 30 persoanen en dy hâlde we de hele wike. Yn Gherla beseagen we de bûtenkant fan de Armeense tsjerke, want yn dat plak wenje noch in sóad Armeniers, hja wiene hannelslju dy't har hjir fêstigjen. Underweis wie de bloeiend accasias in prachtich gesicht. Us eartste stopplak, siz mar plaspauze, krigen we op de grins mei Mara Mures, wêr't wy dy provinsje ynriden. We krigen in hearlik middeis iten yn Baia Mare op it terras, Doe gongen we wer fierder de Karpaten yn om in pas op 988 m oer te gean mei in moai útsicht op de bergen fan Oekraïne. Hast foar ús oare stânplak besochten we yn Desesti in hiel oude ortodokse tsjerke yn hout mei âfbyldingen út de Bibel en ikoane op it hout beskildere. De stjerke is Werelderfgoed en de pastor fertelle ús it ien en oare der oer. Op wei nei it hotel riden we noch efkes de Roemeensk Oekraïnyske grenspost by del. Yn it hotel moasten we sels de koffers nei boppe sjouwe want der is gjin lift. It hotel stiet nei
st it bertehûs fan Eli Wiesel en is as museum ynrjochte. It wie hjoed wer in prachtige sinnige dei.

zondag 6 mei 2018
snein 6 maaie
It is sneintemoarn en we sille net in tsjinst bywenjen, want der ferstean we fêst neat fan. Wol is it by it moarnsiten earst wachtsje op it noadige breamateriaal, want men is tink net went on in grutte groep tagelyk. It is hjoed wer in mooie dei en we gaan nei it moarnsiten de stêd yn.
We besykje earst it plein me de roomske tsjerke en rinne dan nei de Unit aryske hoeke mei de teologyske skoalle en biskops hûs en fierderop de tsjerke. Op it plein foar de orthodoxe tsjerke is it drok, want de minsken kunnen der allegeare yn. By de Herfoarme tsjerke moatte we in kertier wachtsje, want de tsjinst duorret wat langer. It is hjoed memmedei en der waard doopt yn de tsjinst. De dûmny is trouwt mei in Nederlandske frou en praat dêrom ek Nederlands. Hy fertelt ús oer de tsjerke en de verlatingsangst yn de rin fan de tijd. We besjoche ek de lytse útstalling fan it ferline yn de rjochter toer fan de tsjerke. Dan gean we nei in lunsj adres en ite dêr lekker. Nei it miel rinne we de âlde stêd wer yn, in restaurearre stik stêdsmuorre by del. Sa komme by de Fransiskaner tsjerke dy foar de Unitarysken de grutte tsjerke is, hy is prachtig opknapt.
No gean we by de Hongaars Roemeense universiteit by del wêr't it drokte fan belang is vanwege it slagjen fan de studenten foar haar eksamen. Werom rinnend nei it hotel begjint it te stoppen en hurd te reinen, dat sa gau mooglik nei it hotel en yn de keamer útrêste.

zaterdag 5 mei 2018
4 mei 2018
Om negen uur Roemeense tijd, een uur later dan het in Nederland is, zijn we in het hotel Agape aangekomen. De kamers zijn hier erg ruim, maar nog wel warm. Het eerst dan maar de ramen open gezet voor frisse lucht. We zullen nog wat eten in het hotel en even de stad in voor geld uit de pinautomaat halen.
De vlucht van Eindhoven naar Cluj verliep goed, we vertrokken wel wat later, maar zonder verdere. ongewissigheden. Wel zouden we haast met één minder vertrekken want voor Jelke was twee keer een terugboeking gedaan in plaats van heen en terug. Gelukkig kon dat nog tijdig hersteld worden. In Cliujstond de bus al klaar om ons naar het hotel te brengen.
Cliuj is een grote stad van 300.000 inwoners en is even modern als onze steden. Het verkeer rijdt hier wel hard, maar stoppen op tijd voor rood licht. Morgen zullen we een stadswandeling maken en zien het bij daglicht, nu hebben we een verkenningsrondje om de kerk gemaakt en n geld gepind en daarna het hotel weer opgezocht.

woensdag 2 mei 2018
2 mei 2018
Op zaterdag 5 mei vertrekken we met een groep naar Roemenië. De reis vangt aan in Holwert en we gaan met een bus naar Eindhoven om vandaar met het vliegtuig in 2,5 uur naar Roemenië te vliegen naar Cluj-Napoca. Van daaruit gaan we een rondreis maken door Noord Roemenië grotendeel door de Karpaten. Op donderdag 17 mei hopen we weer terug te vliegen vanuit Cluj naar Eindhoven.
Abonneren op:
Posts (Atom)