donderdag 10 mei 2018

Tongersdei 10 maaie

It is hjoed Himelfeartsdei, mar wy fernimme der neat fan, want neffens de Juliuskalinder dy't de Ortodoksen oanhâlde falt dat ein maaie. Wol lieden de klokken fan de tsjerke fan 'e moarn, faaks om ús wekker te meitsjen, want wy koene fan 'e moarn wat útsliepe om't we pas om tsien oere mei de bus in rûnrit meitsje Soenen by wat kleaster en oare besjenswaardichheden.
Sa riden we earst nei Varta Moldovitei, ien fan de kleaster yn Bukowina, wer't neffens de ynfo in hiele 'klosterarchipel' is. Ek dit kleaster is hielendal fol mei fresko's oan de bûten en binnen side en der stiet in mânske muorre omhinne mei oan de binnenside bloeiende seringen. Ek hjir mei net fotografearre wurde sûnder tsien lei te betekenen en binnen yn is dat hielendal ferbean. Chiel fertelt wer it ien en oare, mar dat wurdt troch de non net op priis stelt en as wy wat laitsje klinkt der fan hat in dúdlik sstt. Op de pas dy't we oergean stopje we efkes om de omjouwing te besjen. Dêr is ek in âld mantsje mei beskilderde aaien, dy't er slite wol. Klaas kocht fiif en dan kriget Grietje in hânkus. We ride wer fierder nei it adres foar it middeisiten, dit kear hinnesop, forel mei seane ierpels en noch lekkere Kuche nei.
It wie in moai nij restaurant mei grutte riten, dat doe Rieky nei bûten woe, hja Samar mei de holle tsjinst it rút oanrûn, lokkich net ferwûne, mar de ober makke it rút wol fuortendaliks wer skjin. Sucevita wie ek in bysûnder moai kleaster mei in tige mânske muorre der omhinne, it waar hold him goed, mar de loft berûn alwer. Dernei riden we noch nei in bysûndere pottenbakkers mei swarte fazen. Dan wêr werom nei it hotel, om ûnderweis noch de Poalske katolike tsjerke te sjen en yn dyselde streek de húskes fan de joaden dy't dêr ek delstrutsen wiene, Lukas de poalen en oare befolkingsgroepen. It wie al wer droech doe't we by it hotel oankamen en fol mei yndrukken wat rêst namen.



1 opmerking: