woensdag 16 mei 2018

woansdei 16 maaie

Hjoed is it de lêste dei dat wy wat besjogge yn Roemenië yn de stêd Tâgu Mures. Dizze nachtis der in soad rein fallen, it is droech at wy nei de Synagoge ta gean. De mannen moatte in keppeltsje opdwaan, mar de pet dy't Binne ophat is ek goed genôch. In lid fan de gemeente joech ús wat útlis oer it gebou en de Joadske gemeente dy't oan it útstjerren is. Hysels wie eins in heale joad, mar koe wol Hebriuwsk lêze en it oersette yn it Hongaars en Roemeensk. Op joadske feestdagen komme der ek in soad oare minsken yn de synagoge, dy't as treinen dat bywenje wolle. De joaden fan Târgu Mures moatte wol 15 joadske begraafplakken ûnderhâlde en it is de fraach hoe lang hja dat noch dwaande kinne, sjoen de leeftiid fan de measten fan de gemeente.
Dernei bin wy de stêd fierder yngien, op it sintrale plein mei de ortodokse tsjerke en it stânbyld fan in wichtige Roemeen. Yn de ortodokse tsjerke hat in âfbylding dy't oanjûn dat de Roemenen ûnderdrukt waarden troch de Hongaren. Sa hat eltse befolkingsgroep syn eigen ferhaal fan de skiednis. Om yn de Burchttsjerke te kommen moasten wy in treppen opklauterje, dy't net fan de tsjerke sels wie, want dy hiene de kommunisten ferdwine litten. De dûmny fan de Herfoarme Burchttsjerke koe ús yn it Nederlansk it ien en oer fertelle, hy hie yn Nederlân studearre. De tsjerke sil restaurearre wurde en men wie al drok oan it bikken op de kalklaach om te sjen at er ek noch fresko's te finen wine. Wy dronken kofje op in terraske en ha wer lekker iten yn kafee Cesar en wachten dêr de tongerbui ôf.
Middeisiten ha wy nei it kultuur palast en it Profinsje hûs west, wat beide yn de Jugendstil bout is en der geweldich moai útsjocht. It is net te beskriuwen wat wy dêr oan útwrytske dingen en ôfbyldings sjoen ha. De yngong en de treppen wine tige fraai en pompeus makke. Ek de glês yn lead ruten en de plafonds wine tige drok mei in soad ornamenten makke. De muzykseal ha we besjoen en de skilderijen tentoanstelling en binne dernei de stêd yngien om troch it âlde stedsdiel te rinnen. Op in binnenplak ha wy mei inoar noflik sitte te bekommen fan alle yndrukken foar't wy nei it hotel werom rûnen.
.





1 opmerking: