zondag 6 mei 2018

snein 6 maaie

It is sneintemoarn en we sille net in tsjinst bywenjen, want der ferstean we fêst neat fan. Wol is it by it moarnsiten earst wachtsje op it noadige breamateriaal, want men is tink net went on in grutte groep tagelyk. It is hjoed wer in mooie dei en we gaan nei it moarnsiten de stêd yn.
We besykje earst it plein me de roomske tsjerke en rinne dan nei de Unit aryske hoeke mei de teologyske skoalle en biskops hûs en fierderop de tsjerke. Op it plein foar de orthodoxe tsjerke is it drok, want de minsken kunnen der allegeare yn. By de Herfoarme tsjerke moatte we in kertier wachtsje, want de tsjinst duorret wat langer. It is hjoed memmedei en der waard doopt yn de tsjinst. De dûmny is trouwt mei in Nederlandske frou en praat dêrom ek Nederlands. Hy fertelt ús oer de tsjerke en de verlatingsangst yn de rin fan de tijd. We besjoche ek de lytse útstalling fan it ferline yn de rjochter toer fan de tsjerke. Dan gean we nei in lunsj adres en ite dêr lekker. Nei it miel rinne we de âlde stêd wer yn, in restaurearre stik stêdsmuorre by del. Sa komme by de Fransiskaner tsjerke dy foar de Unitarysken de grutte tsjerke is, hy is prachtig opknapt.
No gean we by de Hongaars Roemeense universiteit by del wêr't it drokte fan belang is vanwege it slagjen fan de studenten foar haar eksamen. Werom rinnend nei it hotel begjint it te stoppen en hurd te reinen, dat sa gau mooglik nei it hotel en yn de keamer útrêste.




1 opmerking: