Fan 'e moarn binne om healve tsien mei fuort riden mei goed waar, we riden mei de bus nei Targu Neamt dat betsjut: Dútske merk. De rit dêrhinne wie moai, wat nei alle siden hiene we útsjoch op de bergen. Hjir is in hiel âlde burcht út 1300 dy nei ynname troch de Turken yn 1500 syn funksje ferlear en yn de rin fan de tiid in ruïne waard. Nei 2000 doe't it lân gjin kommunistysk lân mear wie hat men him diels restaurearre en in museum fan makke. Om dêr te kommen moest je in flinke klim omheech meitsje, wat net foar eltsenien wei lein wie. Fan út de burcht hie je in prachtich útsjoch oer it gebied, mei yn de fierte de Karpaten. De burcht wie tige nijsgjirrich om te besjen, allinne de buorden mei teksten wiene yn it Roemeensk en der wie gjin Ingelske of oare fertaling by om wat lêze te kinnen.
Derwei riden we nei ús middeismiel adres, dat oan it begjint fan it tige mânske stuwmar dêr't we yn de middei del riden binne. It iten wie geweldich in panne sop, mar it hiet hjir oars, mei bôle en wetter. It haadgerjocht wiene bakte heale ierappels mei twa grutte stikken fleis en in skaaltsje mei griente, tomaat en sla en komkommer. Sa as gewoanlik haw ik de tomaat oan in oar jûn. De wei by it stuwmar del wie net al te bêst en aardich heech soms tusken de beammen en wol 40 km lang. It stuwmar wie noch in projekt fan Scaucesku. We kamen doe wer yn it gebied fan Transsylvanië en ferlieten Moldavië. Yn dit gebiet wennen noch in soad Hongaren dy't fansels ek noch dy taal sprekke. Hjir begûn it lânskip te feroarjen, want it waard rotsiger en we soene troch de kleau mei de bus en werom rinne. By it swaaien fan de bus kaam hy mei it efterein fêst te sitten yn it asfalt, mar gelokkich slagge it Mikkie de sjauffeur om him wer frij te krijen, nei't wy útstapt wiene.
De kloof is in aardige belibben foar toeristen en mei in soad kreamkes lâns de dyk. De bus helle ús wer op om fierderop by it reade mar te sjen en it ferhaal deroer te hearren. In stikje werom mei de bus nei it Turist hotel, wêr't we ien nacht bliuwe.
Deze reactie is verwijderd door een blogbeheerder.
BeantwoordenVerwijderen