zondag 13 mei 2018

snein 13 maaie

De tsjerketsjinst begjint om 11.00 oere en we hawwe foar de tsjinst gelegenheid om de romte om de tsjerke te besjen. It moarnsiten wie om njoggen oere en. De measten binne al earder bûten om fan de sinne te genietsjen, wylst de temperatuer noch net echt heech is, want dy wie fannacht aardich tsjin de nul graden. Rob fertelt by de tsjerke oer de tinktekens dy't dêr stean as oantinken oan guon barrens en foar minsken dy't fyftich hier wurden binne, dus Abraham sjoen ha. Fierder stean der op de grutte begraafplak ek bysûndere tinktekens. We hawwe bûten de stiennen muorre in moai útsicht oer de omjouwing. De muorre om de tsjerke tsjinne as beskerming foar fijannich oanfallen, en is aardich yn fertaling, krekt as de tsjerke mar dêr ha hja no in tasizzing fan subsydzje foar restauraasje fan it gebied.
De tsjinst waard holden yn it Hongaarsk, dat in soarte ha wy der net fan begrepen, wol dat it giet oer de memmen dy't mei har bern by Jezus komme en om in hânoplizzing freegje foar har, om't Rob dat stik foar ús lêzen hat út de Nederlânske Bibel. It is hjoed ek memmedei en de bern sizze oan it ein fan de tsjinst ferskes op, nei't wy in pear Fryske lieten songen hawwe.
Nei it middeisiten sille om trije oere mei hynder en wein in rit troch de omjouwing meitsje. Der komme trije weinen, twa mei ien hynder en de oare mei twa hynder derfoar. As elkenien in plakje fûn hat en wat steun fûn hat oan in oar, ride we de fjilden yn. Foar it wie hynder wie it soms in toer om foarút te kommen en moasten de hynders efkes wachtsje. Underweis kamen wy by in greide mei buffels del. It paad wie net oeral flak en we hobbeljen troch inoar hast. Op de wei nei ûnderen moasten wy troch in beek, wêr't de hynder earst efkes drinke woene. Fierderop wie in fiver om yn te fokken tsjin betelling, dêr stiene ek grutte fakânsje huzen by. It lêste stik gong oer de ferhurde dyk en doe draafden de hynder omraak. It wie in tige nijsgjirrich barren en sa kamen wy wer by ús ferbliuw yn Nagyajta. Aanst sille we ite fan de BBQ, de mannen hawwe it fjoer al brânen.



1 opmerking: