dinsdag 8 mei 2018

Tiisdei 8 maaie



Hjoed sille we in oantal memorialen besykje yn Sighetu en dêr bûten. We rinne earst de stêd yn om nei it memoriaal oer de Roemeenske skiednis wat te sjen. It museum is fêstige yn in finzenis dy't bout is troch de kommunisten en wêr't in soad tsjinstanners fan it kommunisme fêstset binne sûnder in rjochtsaak of proses.
It is in tige treffend gehiel en men kin lang net alles besjen ek om't de beskriuwing yn it Roemeensk is. We krigen wol in beskriuwing mei yn it Ingels of Dútsk, mar om alles te lêzen falt ek net ta. Midden yn de romte wêr't de finzenen luchten waarden wie in muorre mei alle nammen fan de minsken dy't omkaam binne. Ek wie der ûnder de grûn in romte foar in meditatyf  momint. Bûten it gebou stie ek in tige oangripende byldengroep dy't de fersleine minsken ferbylden.
Dernei riden we de stêd út om it plak te besjen wêr't guon deaden dumpt waarden op it earme tsjerkhôf. Hjir stean ek stiennen mei alle nammen en in hage yn de foarm fan it lân Roemenië en in monumint The Ladder of life platform wêr't we op klimme koene. Mei de bus gongen doe nei in wat freonliker barren it begraafplak fan Sapanta, wêr't we earst wer in goed middeismiel krigen. It begraafplak stiet fol mei ornaminten makke út hout mei ôfbyldingen  en ferhalen fan de minsken dy't dêr begroeven binne, In besiker beskreau it sa: It tsjerkhôf is tige moai, net in plak fan de dea, mar hjir skynt de dea ek moai te wêzen, en derfoar tank ik de makker. It doarp is it echte histoaryske Maramures. Langs de dyk stiene in soad kreamkes mei tradisjonele klean en oar hânwurkspul.
Doe gongen we werom nei Sighetu om in besite te bringen oan it Elie Wieselhûs, ek wer in memorabel barren foaral beljochte waard, as je it ferhaal hearre ek út it boek de dagen dat Elie Wiesel skreaun hat oer dy tiid dat hja dêr libben en troch Rob foarlêzen waard út syn boek de Nacht yn it Frysk. Foldien en fol mei yndrukken sochten we ús keamer yn it hotel wer op om by te kommen fan alle dramatyske foarfallen.

1 opmerking: