maandag 7 mei 2018

Moandei 7 maaie

We ha fannacht better sliept as juster want doe wie der noch al wat leven yn de strjitte wêr't ús keamer oanlei, omt we de ruten iepen hiene fanwege de warmte. Wol hearden we fannemoarn ek de fleantugen wer oer de stêd fleanen, mar sa wiene wy hjir ek lande. Justerjûn ha we meininoar nei it iten noch de stêd yn west om op in terraske te sitten. De stêd hat in soad pleintsjes wêr't terraskes binne en goed beset binne troch de studinten dy't de stêd hat.
Fannemoarn stie de bus om heal wei tsienen klear om ús nei ús oare plak te bringen, dizze kear in grutte rojale bus foar mear as 30 persoanen en dy hâlde we de hele wike. Yn Gherla beseagen we de bûtenkant fan de Armeense tsjerke, want yn dat plak wenje noch in sóad Armeniers, hja wiene hannelslju dy't har hjir fêstigjen. Underweis wie de bloeiend accasias in prachtich gesicht.  Us eartste stopplak, siz mar plaspauze, krigen we op de grins mei Mara Mures, wêr't wy dy provinsje ynriden. We krigen in hearlik middeis iten yn Baia Mare op it terras, Doe gongen we wer fierder de Karpaten yn om in pas op 988 m oer te gean mei in moai útsicht op de bergen fan Oekraïne. Hast foar ús oare stânplak besochten we yn Desesti in hiel oude ortodokse tsjerke yn hout mei âfbyldingen út de Bibel en ikoane op it hout beskildere. De stjerke is Werelderfgoed en de pastor fertelle ús it ien en oare der oer. Op wei nei it hotel riden we noch efkes de Roemeensk Oekraïnyske grenspost by del. Yn it hotel moasten we sels de koffers nei boppe sjouwe want der is gjin lift. It hotel stiet nei


st it bertehûs fan Eli Wiesel en is as museum ynrjochte. It wie hjoed wer in prachtige sinnige dei.

1 opmerking: