It Turist hotel yn Lacu Rosu hat ek in swimbad en dat ha ik juster efkes probearre foardat ite moasten. Krekt om healve achten koene we oan tafel foar in ienfâldich miel, fleis mei patat sûnder majonaize. Dernei krigen we noch cake mei jam en ha we nei it iten noch in kuierke makke nei it Reade Mar. Mei-inoar haw noch in lytse neisit hân yn de lounge fan it hotel.
Fan 'e moarn riden we troch in prachtich heech boskgebiet dat winters ek oantreklik is foar toeristen. Yn Oderheiu Scuesc ha we de bakkerswinkel besocht wêr't út Kollum wei bakkersmateriaal nei ta stjoerd wie en no de Frieske Pan neamd wurdt. Dick, Jelke en Willemke traktearren ús op kofje mei gebak, om't hja yn dizze fakânsje har jierdei ha. It is in folslein Hongaarske stêd, mar men is ek ferplichte om neist it Hongaarsk ek Roemeensk te brûken en op de buorden te fermelden.
Foar it middeisiten binne we nei Vlahita riden, in fakânsje plak ûnder oare mei wetterswellen, as je dat wetter priuwe is it net lekker mar izerhâldend. It iten yn it restaurant Lobogo wie wêr geweldich goed. We koene der noch in lytse kuier meitsje en gongen om trije oere wêr yn de bus opwei nei Nagyajta, wêr't de minsken al op ús te wachtsjen stiene mei in pleatslik drankje en in hertlik wolkom. Dernei waarden de sliepplakken oanjûn en gong elk nei syn gastadres of sliepplak.
n in hertlik wolkom. Dernei waarden de sliepplakken oanjoen en gong elk nei syn gastadres of sliepplak.
Deze reactie is verwijderd door een blogbeheerder.
BeantwoordenVerwijderen