vrijdag 18 mei 2018
Tongersdei 17 maaie
Sûnder ûngemakken binne wy tongerstejûn allegearre wêr op ús eigen plak thús kaam. Nei in goede flecht fan Cluj nei Eindhoven wêr't we wat letter oankamen dan pland wie om't we ek wat letter fuort gien winen, stie de bus dit kear al op it parkearterrein op ús te wachtsjen.
De lêste busreis fan Târgu Mares nei Cluj ferrûn ek goed, mar wy koene net de stêd Turda yn en nei de tsjerke, wêr't it ferdrach sluten wie dat alle godstsjinsten gelyk wiene, want de wegen wine opbrutsen en de de rute nei it sintrum stie fol mei ferkear. Dêrom riden we mar yn ienkear troch nei Cluj en namen dêr nei it útstappen ôfskied fan Mikkie ús Roemeenske sjauffeur dy't ús feilich en rêstich troch alle stêden en oare wegen ferfierd hat. Hy wie juster ek noch jierdei en koe no wêr nei syn eigen famylje ta, mei in lytse skea oan de bus fanwegen it fêst komme te sitten mei de efterkant yn it asfalt.
Op it fleanfjild is it altiten in hiel gedoch, yntsjekken en paspoart sjen litte, dan noch ris alle saken mei metaal út of ôf, riemen, galgen, horloazjes, skuon mei steunsoallen en neam mar op, mar dat ha wy ek wer goed trochstien.
Underweis yn de bus nei Holwert waard troch Klaas in moaie taspraak holden dy't foar it wurk en organisaasje fan Rob en Giel in plompke joech, hy ferwurde ús alle belibben dat wy in prachtige reis hân ha. Ek Diet joech op har wize mei in pear wurden oan wat hja fan de reis ûnderfûn hat. Ta slot joech Binne nammens ús allegearre de beide mannen in slúf mei ynhâld foar in itentsje of sa Rob sei foar in nije koffer, want syn wieltsje wie der ôfknapt. Sa stapten de earsten út de bus yn Grou en oaren yn Stiens en de lêsten yn Holwert, nei in tige slagge reis nei Roemenië. We ha in soar heart fan ús reislieders en noch mear sjoen fan in lân dat in hiel westerske útstrieling hat yn de stêden, mar op it plattelân noch efterbliuwt yn ûntwikkeling.
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten