woensdag 9 mei 2018

woansdei 9 maaie

Hjoed ferfarre we nei in nij adres en moatte derfoar mear as 200 km ride en dat duorret sawat de hiele dei, om't men hjir mar op syn heechst in snelheid fan 50 km per oere helje kinne. It gong hjoed noch stadiger om't men oeral mei de diken dwaande wiene.  Op 10 km fan Sighetu haw we earst in prachtich moai nij kleaster besjoen, wat nei de kommunistyske tiid hielendal yn de styl fan de streek Mara mures opbout is, mei in tige spitse toer. De sinne skynde mar de loft berûn en letter yn de bus krigen we nei it middeisiten in tsjokke reinbui.
It middeisiten wie dizze kear wat ienfâldiger, bôle mei alderhande soarten belis op in skaal, mar gjin bûter der by, en in bakje mei iis ta. De streek fan Maramures is Bokovina, it boekenlân en in soad huzen binnen ek noch fan hout, mar der wurde noch folle mear nije huzen bout fan beton en stien, mar dy binnen faak mar heal klear. De doarpen binne ek echte streek doarpen wêr't de huzen ek allegearre oan de dyk stean. Hoe fierder we kamen hoe minder at de diken wiene. Doe't we oer de passen riden wie it hielendal min, mar men wie ek hurd oan it wurk dermei. We moasten hjoed trije passen oer, de earste wie op in bochten fan 1416 m op de skieding fan it âlde Oastenryk en Moldavië, de twadde wie op in hichte fan 1271 m en de tredde op 1096 m. Dat no binne we yn it Roemeenske Moldavië, mei wer in hiel oare boustyl en bewenners. Foar dat we nei it hotel gongen besochten we noch in hiel âld kleaster yn Voronet. We mochten yn koarte broek net nei binnen, mar moasten in soarte fan rokje omdwaan, dus hilariteit rûnom en mar foto's meitsje derfan. Giel hat ús in wiidweidige útlis jûn oer de fresko's fan de bûtenside fan de tsjerke en dernei binne we nei it Best Western hotel yn Guru Humorulul tien, wêr't we fan it buffet items koene.


1 opmerking: